Steuring by brêge Wâldsein

De brêge fan Wâldsein hat in oere lang iepen stien. Ferkear koe der al dy tiid net del. Der wie sprake fan in steuring.
© Noordernieuws
De klep fan de brêge is yntusken wer omleech. Neffens in tsjûge gie dat mei in hurde knal.
Ferkear kin no wer oer de brêge ride, mar de kâns bestiet dat de klep wer omheech komt, omdat dy net beskoattele is.
© Noordernieuws
Lytse boatsjes kinne ûnder de brêge troch. Grutte boaten moatte in oare farrûte kieze, dat jildt moandei ek noch.
It is net dúdlik wat de oarsaak fan de steuring is.