Ferslave oan heroïne en in taakstraf by De Klomp

It lykje hiele gewoane mannen, yn in hiele gewoane wurkpleats yn Ljouwert. Mar wat se meimakke ha, is alles behalve gewoan.
De mannen yn de wurkpleats © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Fan alles dogge se. Fytsen reparearje, bankjes meitsje, en túntsjes ûnderhâlde. Moai foar de mienskip, en ek foar de mannen sels. Dat blykt út it ferhaal fan Sebastiaan, Jan Pieter en Marcel.
As frijwilliger fine se in sinfolle deibestiging by De Klomp. Dat is it gebou fan it Netwerkcentrum Oost yn Ljouwert: in brûsplak fan frijwilligers.
Yn it radioprogramma Buro de Vries folgje we de minsken dy't yn De Klomp komme. It programma is der alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere en sneintejûns yn de werhelling om 21.00 oere.
It wurk betsjut in soad foar de mannen. By De Klomp komme in protte minsken dy't it faak net maklik hawwe, mar mei help en troch frijwilligerswurk fine se it goeie paad werom.

De finzenis fan binnen sjoen

Ien fan de minsken yn de wurkpleats is Sebastiaan. Hy wie ferslave oan heroine, rekke yn in ferkearde wrâld mei ferkearde freonen en yn de kriminaliteit. De finzenis hat er fan binnen sjoen.
Sebastiaan © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
No hat Sebastiaan in taakstraf. Wat er dien hat, wit er net krekt mear, seit er. "Dat is lang geleden en dat heb ik achter me gelaten. Ik wil vooruit kijken".
Wol wit er wêrom't er yn de problemen kaam. "Ik had verkeerde vrienden, verkeerde omgeving, ben snel beïnvloedbaar."
Harkje hjir nei de ferhalen fan de mannen fan De Klomp
De taakstraf fiert Sebastiaan út by De Klomp. Dat befalt him poerbêst. Der is alle dagen wat oars te dwaan, en hy hat leuke kollega's, seit er. Dêrom wol er graach frijwilliger bliuwe yn de wurkpleats.
"Het geeft rust. Ik ga nu mooi op tijd naar bed, en sta ook weer op tijd op. Dat is voor mijn lichaam veel beter."

Dakleaze alkoholist

Jan Pieter is like bliid mei De Klomp. Hy rekke syn wurk kwyt, waard alkoholist en rekke sas yn swier waar. Hy hat ek yn de finzenis sitten en wie in skoft dakleas.
Jan Pieter © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Jan Pieter is 53. Hy hat earder wol wurke, mar kriget no gjin wurk mear, tinkt er. Foar him hoecht dat ek mear. Syn frijwilligerswurk by De Klomp foldocht him goed.
It is moai wurk, seit er. Túntsjes fan oare minsken ûnderhâlde bygelyks jout him in goed gefoel. Omdat minsken der hiel bliid mei binne en hy himsels wer fan nut meitsje kin.
Oer syn alkoholisme is hy hinne. Dat slûpte samar syn libben yn, fertelt er. "Je hebt geen doel in je leven. Dan sluipt het er langzaam in. Nu heb ik wel weer een doel. Het is dankbaar werk."

Papieren binne djoer

Marcel wurket al hast njoggen jier as frijwilliger by De Klomp. Troch de ekonomyske resesje wie er syn baan kwytrekke. Dêrnei koe er net mear oan it wurk komme. Sa kaam er yn de wurkpleats telâne. Dat befalt him wol.
Marcel © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Marcel soe wol wer oar wurk dwaan wolle, mar dêr moat er dan wer oplieding foar folgje, seit er. "Ik wil best wel papieren halen, maar dat is voor mij onhaalbaar." It is te djoer, seit er.

Dûnsje yn de tún

Yn it skoft sitte de mannen mei mekoar oan in bakje kofje. Mei fleurige moed geane se dêrnei wer fierder. Wer in túntsje opknappe. Moai wurk, en, se ha it al sein, de minsken binne wiis mei harren. Dat fielt goed.
"Soms staan ze gewoon een dansje te doen in de tuin, zo blij zijn ze."