Aris útskeakele foar kampioenskip nei nederlaach by Donar

De basketballers fan Aris Ljouwert binne útskeakele foar it Nederlânsk kampioenskip. De Ljouwerters ferlearen de beslissingswedstriid yn de kwartfinale fan de play-offs fan Donar mei 99-82.
George Brock en Jose Dimitri Maconda yn de twadde wedstriid tsjin Donar © Dijks Media
Op tiisdei wie Aris yn de earste wedstriid noch te sterk foar Donar. Yn Martiniplaza yn Grins waard it doe 69-72. Yn de twadde wedstriid spile Donar lykwols mei it mes tusken de tosken en dat soarge foar in ienfâldige oerwinning foar de Grinzers: 62-99.
De wedstriid fan sneon moast de beslissing bringe yn it best-of-threeformat.

Lang lykop

Krekt as tongersdeitejûn begûn Donar wer it skerpst oan de wedstriid. Nei it earste kwart stie der in 28-21 foarsprong op it boerd foar de thúsploech. It twadde kwart wie mei de meast minimale marzje foar Aris, wêrtroch't de Fryske ploech by it skoft tsjin in 45-39 efterstân oanseach.
Ek yn it tredde kwart diene beide teams net in soad foar inoar ûnder. Dat einige sels gelyk en dus hie Aris noch ien kwart om in gat fan seis punten goed te meitsjen. De Grinzers profitearren yn it lêste kwart lykwols fan harren bredere seleksje en rûnen dêrtroch dochs noch flink út.
De Grinzers wiene úteinlik mei 99-82 te sterk foar Aris.

Oare play-offs

Aris streamt no yn yn de twadde ronde fan it kampioenskip yn de BNXT League. Dêryn nimme se it op tsjin it Belgyske Okapi Aalst.