VC Snits set reuzestap rjochting tredde plak: 3-0 oerwinning op Zwolle
VC Snits hat de earste wedstriid yn de striid om it tredde plak mei 3-0 wûn fan Regio Zwolle. Takom wike is de return yn Zwolle.
De earste set gie oertsjûgjend nei VC Snits: 25-15. Yn de twadde koe Zwolle wat better bybliuwe, mar dochs helle Snits de set sûnder problemen binnen (25-17).
Ofskied Van Wijnen
Yn de tredde set seach it publyk yn de Sneker Sporthal in pear moaie rally's, mar it hichtepunt wie dochs de publykswiksel foar Roos van Wijnen. Nei 14 seizoenen hâldt sy op as spylster fan VC Snits en as topfollybalster. Mei Van Wijnen yn de ploech wûn Snits ek de tredde set (25-22).
Takom wike sneon is de return yn Zwolle. As Snits dan wint, dan einiget de ploech as tredde yn de Nederlânske earedivyzje. Mocht dat slagje, dan mei Snits Europeesk follybal spylje, mar de kâns dat Snits dat dwaan sil is lyts. Dat hat mei jild te krijen.