Trije geiten deabiten op Skylge: "Mijn hond doet dat niet"

Op Skylge binne trije geiten deabiten. De boskwachter tinkt dat dêr in hûn ferantwurdlik foar is. Hy ropt op de bisten oan de line te hâlden.
© Joeri Lamers (twitter)
Yn de bosken en op it strân meie de hûnen los rinne, mar yn de dunen en de begrazingsgebieten mei dat net, seit boskwachter Joeri Lamers. Dat is net allinne om de geiten of reeën te beskermjen, mar ek om fûgels net te fersteuren.
Neffens Lamers komt it geregeld foar dat minsken de hûn net oan de line hâlde, op plakken dêr't dat wol moat. Eins alle wiken wurde dêr wol boetes foar útdield, seit er.
Minsken ha net yn de gaten hoe gefaarlik oft it is, seit Lamers. "Mijn hond doet dat niet", dat zegt eigenlijk iedereen. Maar als er een groepje geiten wegrent, weet je niet hoe een hond reageert."

"Hij maakt hem nu dood"

Yn 2018 registrearre de kamera fan Omrop Fryslân hoe't in hûn in skiep pakte, in heale minút neidat de eigener seit "Ze komt niet aan de schapen. Dat zie je ook wel."
"Hij maakt hem nu dood", seit de kameraman fan Omrop Fryslân, wylst er fan in ôfstân de skiep filmet:
De ploech fan Omrop Fryslân wie yn Goutum, omdat yn datselde lân in dei earder twa deade skiep fûn wiene, dy't nei alle gedachten troch in hûn oanfallen wiene.
De eigeners fan de hûn wiene nei de twadde oanfal bot oerstjoer. Se ha sein dat se de folle ferantwurdlikheid op har nimme.