Nacht fan de Flechtling foar it earst ek yn Fryslân

De Nacht fan de Flechtling wurdt dit jier foar it earst ek yn Fryslân holden. Stichting Vluchteling organisearret it evenemint al sûnt 2010, om jild yn te sammeljen foar needhelp foar flechtlingen oer de hiele wrâld.
In eardere Nacht fan de flechtling © ANP
Op sneon 18 juny wurdt de tocht yn Snits holden. Inisjatyfnimmers binne Helga Develing en Ineke Schoonderbeek. "Helga en ik wilden allebei meedoen aan de Nacht van de Vluchteling, maar wij vroegen waarom het niet in Noord-Nederland was", seit Schoonderbeek.
"Ze zeiden dat dat wel kon, maar dan moesten zelf het initiatief nemen. Zij ondersteunen ons dan." Develing en Schoonderbeek stelden de fragen apart fan inoar, mar waarden troch de organisaasje meiinoar yn kontakt brocht.

'Actueler dan ooit'

"Ik was al jaren van plan om mee te doen, maar dit jaar is het natuurlijk actueler dan ooit." Solidêr wêze mei de flechtlingen stiet foar har foarop by it rinnen fan de kuiertocht.
De tocht yn Snits is lykwols noch gjin offisjele kuiertocht, mar in proef. Schoonderbeek leit út wêrom: "Het was anders te kort dag, en dan hadden er vergunningen geregeld moeten worden. Het is ook om te kijken of dit kan werken in Fryslân."
En hoe't it dêrmei stiet, kin Schoonderbeek noch net goed ynskatte. "We zijn deze week pas begonnen, we staan nu net op de site van de Nacht van de Vluchteling."

Maksimaal 40 dielnimmers

De tocht is lytsskaliger as de lanlike kuiertochten, fertelt se. "Er kunnen maximaal 40 mensen meedoen, we lopen met twee groepen van 20 mensen." Gewoanwei is der ek in minimaal sponsorbedrach de dielnimmer, mar dat is der by de tocht yn Snits ek net by.
"We hebben wel een streefbedrag van 1000 euro wat we in totaal willen ophalen", seit Schoonderbeek.
Oanmelde kin by beide ynisjatyfnimmers, fia de mail: Ineke Schoonderbeek (b.schoonderbeek@hotmail.com) en Helga Develing (helgadeveling@gmail.com).
Ineke Schoonderbeek oer Nacht fan de flechtling