Tom Boere siet ien dei yn de nederklits, mar is no werom by SC Cambuur

Tom Boere sit freed foar it earst sûnt heal maart wer by de wedstriidseleksje fan SC Cambuur. De spits skuorde twa moannen lyn op de training syn hamstring ôf.
Tom Boere sit wer by de seleksje nei syn hamstringblessuere
Op 11 maart wie Ajax-thús de lêste wedstriid dy't Tom Boere spile. Yn de wike dêrnei sloech it needlot ta. "Een paar dagen later ben ik geblesseerd geraakt. In een volle sprint op de training scheurde ik mijn hamstring af."
De earste diagnoaze like net sa best. It duel mei Ajax drige Boere syn lêste wedstriid fan it seizoen west te wêzen. Mar trije wedstriden foar de ein fan de kompetysje is de spits der wer by. "Het is goed gegaan. Ik denk dat we de blessure goed hebben aangepakt", seit Boere.

Knop om

De 29-jierrige Boere baalde bot, benammen om't it goed gie yn syn eigen eagen. De lêste oerwinning fan Cambuur datearret fan ein febrewaris tsjin Fortuna Sittard en doe skoarde Boere twa kear. Hy is noch altyd kluptopskoarder mei seis goals.
Hat er bot yn de nederklits sitten nei't er op de training blessearre rekke? "Eén dag was ik heel erg teleurgesteld. Ik heb vaker blessures gehad, dus ik weet hoe het is om terug te moeten knokken. De dag erna heb ik de knop omgezet en ben ik met een positieve mindset het herstel ingegaan."
Tom Boere yn de lêste wedstriid foar syn blessuere © Orange Pictures
Mooglik dat Boere by de lêste trije wedstriden fan it seizoen noch in rol spylje kin foar de Ljouwerters. Se sjogge noch altyd omheech, nammentlik nei plak acht. Dat jout rjocht op it spyljen fan play-offs om Europeesk fuotbal.
Cambuur stiet no trettjinde, mar de efterstân op it achtste plak is mar twa punten. "Dat leeft", jout Boere ta. "Daarom is het ook mooi voor mezelf dat ik een rol zou kunnen spelen. We beseffen met zijn allen dat het drie belangrijke potjes zijn en dat alles nog mogelijk is. Dat maakt het seizoenseinde wel leuk."

Winnende goal

Tsjin RKC Waalwijk sit Boere foar it earst wer by de seleksje. Hy kin ynfalle en soe tweintich minuten oant in healoere meidwaan kinne. Wat soe syn dreamsenario wêze? "Een gelijkspel, ik kom erin en ik maak de winnende. Dat zou mooi zijn. Maar uiteindelijk gaat het mij gewoon op de winst."
De wedstriid tusken SC Cambuur en RKC Waalwijk begjint freed om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op de radio, dat om kertier foar achten begjint. It kommentaar út it Cambuur Stadion komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.