Omrop Fryslân docht ferslach fan útferkocht wittenskipsfestival Expeditie NEXT

Frjentsjer, de âlde universiteitsstêd fan Fryslân, stiet dizze freed de hiele dei yn it teken fan it nasjonale wittenskipsfestival Expeditie NEXT. Wittenskippers út it hiele lân wolle bern mei proefkes en ynteraktive opdrachten entûsjast meitsje foar harren fakgebiet.
© expeditienext.nl
Op ferskillende plakken yn de stêd kinne bern tusken de seis en tolve jier mei harren âlden meidwaan oan útinoarrinnende aktiviteiten. Sa kinne se mei in spesjaal pak oan ûnderfine hoe't it fielt om in âlde pake of beppe te wêzen. En hoe kin it datst fan hichtefreze ôfkomme kinst mei in spesjale virtual realitybril?
Ferslachjouwers Roelof Lousma en Froukje Sijtsma binne der de hiele dei by yn Frjentsjer. Sijtsma wol graach prate mei ûndersiker Martijn Wieling fan de Ryksuniversiteit yn Grins oer syn Spraaklab. "Hy kin sjen litte hoe't dyn mûle der oan de binnenkant útsjocht ast praatst. Dat liket my geweldich, sjen hoe't in ynterview der yn in oare diminsje útsjocht."

Prestizjeuze universiteitsstêd

Lousma komt sels fan Frjentsjer en fynt it geweldich dat er ferslach dwaan mei fan dit evenemint. "It is in unike kâns om Frjenstjer wer florearje te litten as universitêre stêd, want tusken 1585 en 1811 hat dit in prestizjeuze universiteitsstêd west."
Wittenskipsfestival Expeditie NEXT wurdt foar de twadde kear organisearre. Yn 2019 fûn de earste edysje plak yn Rotterdam. De Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek woe it dizze kear graach yn it Noarden hâlde. De goed 6.000 kaarten foar it festival binne allegear ferkocht.
Omrop Fryslân hat de hiele dei omtinken foar it bernewittenskipsfestival Expeditie NEXT dat yn Frjentsjer holden wurdt. Mei bydrages fan ús ferslachjouwers op radio en telefyzje kinst it allegear folgje.