Snitser antykhanneler net yn panyk om nije registraasjewet: "De sop wurdt net sa hjit iten"

Opskuor yn de antykwrâld. In nije wet dy't heling tsjingean moat, freget fan de hannelers dat se har guod registrearje moatte. Dat is net te dwaan sizze in protte antykhannelers.
Antyk guod © ANP
Rick Sytsma fan Mooi in Wonen yn Snits sjocht it probleem net sa. "De wet is noch 'in de maak'. Der kinne noch saken oanpast wurde. Yn de regel sil it gean om keunst en antyk mei in bepaalde wearde. Ik tink dat der in ûnderwearde komt fan bygelyks 50 of 100 euro. Ik tink dat de sop net sa hjit iten wurdt as er optsjinne wurdt.."

"Myn heit die it eartiids al"

Guod registrearjen is sawiesa in goed plan, fynt Sytsma. "It is wat mear wurk, mar myn heit die it eartiids al. Dy hie in boekje by de kassa lizzen dêr't er de namme en it bedrach yn opskreaun. Sa no en dan kaam de plysje, seagen se it boekje efkes nei en somtiden kaam dêr wat út."
Sa hat Sytsma altyd meikrigen om saken fêst te lizzen. As hy guod krijt, wol hy der altyd in foto fan en hy skriuwt ek de namme op fan dejinge dy't it bringt. Boppedat docht Sytsma de betelingen altyd fia de bank. "As letter dochs bliken docht dat it stellen is, dan hast hiel fluch de dieder."
Neffens Sytsma is heeljen dan ek net sa'n grut probleem by de antykhannelers. Hy wiist nei Marktplaats as frijplak foar kriminelen. "Op Marktplaats mei alles. Der kin pas in melding dien wurde as immen fermoedens fan oplichting hat, mar dan is it artikel faak al fuort. It is allegear sa anonym."
Rick Sytsma fan Mooi in Wonen yn Snits