Mei kwelders en seegers stride tsjin klimaatferoaring

In oplossing yn de striid tsjin it opwaarmjen fan de ierde leit yn Fryslân. Nije kwelders, mar ek seegers, kinne nammentlik hiel goed CO2 opslaan.
Professor Tjisse van der Heide © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dat lêste docht bliken út nij ûndersyk dat publisearre is yn it wittenskipstiidskrift Science. Under mear de Fryske professor en kustekolooch Tjisse van der Heide fan de Rijksuniversiteit Groningen en it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee hawwe meidien oan it ûndersyk.

Seegers as CO2-kampioen

It klimaat feroaret omdat minsken te folle guod, lykas fossile brânstoffen, ferbaarne. Dêrtroch komt der mear CO2-gas frij.
Planten kinne in part fan de CO2 opslaan en soenen it probleem sa lytser meitsje kinne, mar der komt mear CO2 frij as dat de planten opnimme kinne. Planten yn sompich gebiet binne weardefol, want dy binne it bêste yn it opslaan fan CO2.
Wittenskippers hawwe no útfûn hoe't dat giet. "De planten dy't dy systemen foarmje, bouwe eins it lânskip", seit Van der Heide. "De kwelderplanten fange dieltsjes út it wetter wei op en begrave ek harren eigen deade planteresten yn dy boaiem. Feanplanten, lykas feanmossen en seegers dogge dat ek."
Omdat der gjin soerstof by kin, bliuwe dy resten ek hiel goed bewarre.

Ticht op elkoar plantsje

Nij is dat dy lânskipsbouwende eigenskippen no folle sterker linkt wurde kinne oan de opslach fan CO2. Boppedat is der folle mear kennis garre oer hoe't je dit soarte fan systemen ophelpe kinne, want in hiel soad kennis is ferdwûn.
Troch lege wetterpeilen fan no komt der wol soerstof by it fean yn de feangreidegebieten, wêrtroch't de dêr opsleine CO2 frijkomt. Dat is al gau likefolle as in pear grutte enerzjysintrales.
Ek de kwelders binne wolris stikken grutter west. Neffens Van der Heide moatte je de planten ticht op elkoar plantsje en as it heal kin, ek op in grutte skaal om it werstel op gong te bringen.
Kwelders tsjin klimaatferoaring:

Earst oare oplossingen

Mar it meitsjen fan nij fean duorret lang. It oplossen fan de klimaatproblemen kin dêr net op wachtsje. It behâlden fan it fean dat der noch is, is dan ek wichtich.
Van der Heide riedt dêrby dochs in oare foarm fan lânbou oan, mei folle hegere wetterstannen yn it feangreidegebiet.
Eins wol hy ta nei in sompesysteem dat net mear CO2 útstjit, mar wol opnimt. Der binne sompen yn Fryslân dêr't dat ek noch slagget, lykas yn de Houtwiel as leechfeangebiet, mar ek yn it heechfean fan it Fochtelerfean is suksesfol ûndersyk dien om dat proses wer op gong te bringen.
Op en oan see kinne je neffens de kustekolooch lykwols folle rapper CO2 opslaan yn sâltwettersompen, lykas seegers, kwelders en ynternasjonaal yn de mangroven.

"Hiel fluch"

"Dy ekosystemen produsearje sels in hiel soad", leit Van der Heide út. "Dus in soad dea plantemateriaal wurdt yn de boaiem begroeven. De ekosystemen fange ek in hiel soad op út de see wei, want wetter wurdt rêstich tusken de stamkes en stieltsjes fan dy planten. De restanten fan deade planten en bisten op iepen see wurde sa ek begroeven yn de boaiem. Dêrtroch kinne sy hiel fluch in protte CO2 fêstlizze."
De kwelder by Koehoal. Der is besocht dizze kwelder út te wreidzjen mei havenslyk út Harns © Remco de Vries
Hoe wurket it yn de praktyk? Yn de feangreiden binne der wol boeren dy't eksperimintearje wolle mei dy hegere peilen. Tagelyk liket der net in soad entûsjasme te wêzen foar in omskeakeling nei bygelyks wiete teelten.

Is de doelstelling wol te heljen?

Wat it seegers oanbelanget, leit der in doelstelling foar 10.000 bunder seegers yn de Waadsee, mar de saakkundigen twivelje oer de helberens dêrfan. It ferjongjen fan kwelders is ien opsje om mear CO2 op te slaan.
It echt útwreidzjen fan kwelders yn see hat as probleem dat de Waadsee al in protte oerflak wetter en rieden kwytrekke is sûnt de oanlis fan de Ofslútdyk en it ôfsluten fan de Lauwerssee.
Tagelyk binne der dêr no wol inisjativen om de see dochs wat mear romte te jaan.

Oergongen fan swiet nei sâlt

Dêr sjocht Van der Heide ek de oplossing: bredere, natuerlike oergongen fan swiet nei sâlt, dêr't ek romte is foar mear bunders kwelder. Dat is ek nochris goed foar it bioferskaat.
Bouboeren hawwe by de fernijing fan de seedyk tusken Koehoal en de Lauwersmar lykwols tsjin dat soarte fan inisjativen protestearre. Sy wolle it sâlte wetter oan ien kant fan de seedyk hâlde, mar de kommisje foar de Miljeu Effekt Rapportaazje hat koartlyn sein dat de natuerwinst fan it dykûntwerp no te meager is.