Tim Birkenholz sjocht muzyk meitsjen as ambacht: "Serieuze aanpak hoort erbij"

Tim Birkenholz timmeret lekker oan de dyk. Yn 2016 gong er foar it earst mei syn muzyk nei bûten en no giet it rap. Hy stiet no mei grutheden as Ralph de Jongh en Ruben Hoeke op it poadium.
Willem de Vries praat mei de Ljouwerter muzikant:
Birkenholz groeide op yn Ljouwert yn in gesin dêr't altyd bluesmuzyk draaid waard. "Tijdens het eten keken we geen tv, maar was het de vraag welke plaat we zouden opzetten."
Yn syn pubertiid die er oan skateboarden en breakdancen en kaam in soad yn oanrekking mei hiphop. Doe't er syn leafde foar de gitaar ûntduts, hold er op mei breakdancen omdat er mei guon bewegingen syn fingers wol brekke koe.
Birkenholz hat in âldere broer, Frank, dy't ek gitaar spilet. Dy wennet yn Utrecht en sit ek yn in bluesband. Neist dy band is Frank dwaande om professor te wurden. "Dat merkte je vroeger ook altijd bij het muziek maken: Frank was vaak van het analyseren en ik was van het in elkaar knutselen, dat vulde elkaar mooi aan."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde live optredens jûn.
It duorre even foardat Birkenholz mei syn gitaarspul nei bûten kaam. Op syn 24e ferskynde er foar it earst by jamsesjes yn de Ljouwerter kafees Mukkes en Scooters om oaren kennen te learen. "Ik speelde altijd in mijn kamer, ik heb niet echt les gehad. Wel veel lessen via YouTube gevolgd."

Eigen sound

Nei al dy lessen ûntwikkele Birkenholz in hiel eigen styl troch foaral in soad ûndersyk te dwaan en nei muzyk te harkjen. Fia Black Sabbath kaam er yn oanrekking mei âldere blues en troch yngreven ûndersyk ûntwikkele er syn eigen sound.
"Het is eigenlijk het muzikale voedsel tot je nemen, hoe zij dat in die tijd deden. Ik vind het voor mezelf belangrijk om een geschiedenisstudie naar een band te doen."
Tim Birkenholz oer muzikaliteit
Tim Birkenholz spilet tongersdei mei Ralph de Jongh op it Noardewyn Live-poadium op it Befrijdingsfestival. It optreden is fan 18.30 oant 19.30 oere. Dat is live te sjen op Omrop Fryslân.
In libben as rocksjonger Ozzy Osbourne mei seks, drugs en rock-'n-roll is neat foar Birkenholz. "Muziek is hard werken, spelen op een podium is echt te gek. Daar doe ik het voor. Alles voor die tijd is klaarstaan, als je dan niet fris bent is dat niet fijn. Na die tijd vieren met een biertje is chill."

Topmuzikanten

Birkenholz is ûndernimmend en spilet in soad mei syn band Electric Hollers. Hy spilet ek mei topmuzikanten as Ralph de Jongh en Ruben Hoeke.
"Ik heb er geen verklaring voor hoe dat kan. Maar als je mensen om je heen krijgt met dezelfde benadering van muziek hebben en hun eigen stem, dan komt alles bij elkaar. Dat is te gek, daar ben ik dankbaar voor."

De kar fan Tim Birkenholz

Artyst Nûmer
Wilson Pickett Born to be Wild
Black Sabbath War Pigs
Danger Mouse & Daniele Luppi Roman Blue
Yn de takomst sjocht Birkenholz himsels as fulltime muzikant. "Gewoon vette albums maken, dat is voor mij het hoofddoel."

Toere

Ek wol er graach tawurkje nei in toer. "Ik ben erg benieuwd hoe het is om in bijvoorbeeld Engeland te spelen en wat muziek met de mensen doet, en wat jij dan met die mensen doet. Dan maak je samen een hele vette avond."