Fuotballer Lucas Bijker moannen útskeakele mei krúsbânblessuere

De Fryske proffuotballer Lucas Bijker komt dit seizoen net mear yn aksje. Bijker rûn in krúsbânblessuere op yn de wedstriid fan syn klup KV Mechelen tsjin KRC Genk.
Lucas Bijker yn aksje foar syn klup KV Mechelen © Orange Pictures
Der sit in skuor yn de foarste krúsbân fan de linkerknibbel fan de fuotballer. Bijker wurdt tongersdei operearre. Gewoanwei moatte je seis oant njoggen moanne refalidearje by sa'n blessuere.
Bijker is dwaande oan syn fjirde seizoen by de Belgyske fuotbalklup. Earder spile hy ûnder mear foar SC Cambuur en sc Hearrenfean.