Kavels Dronryp sykje keapers

24 nov 2011 - 19:33

De gemeente Menameradiel siket nei bedriuwen dy't belangstelling ha foar in kavel by Dronryp. Oan de westkant fan it doarp wol de gemeente graach it bedriuweterrein útwreidzje.

Hjirfoar binne ferskate ûntwerpen makke. De provinsje hat noch gjin tastimming ferliend. Ein fan dit jier sil dêroer noch oerlis plakfine tusken de gemeente en de provinsje. Dan wurdt ek besjoen hoe grut it terrein wurde moat. Hjirfoar is it fan belang dat Menameradiel wit hoefolle belangstelling der fan bedriuwen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)