Frachtwein mei molke fljocht yn 'e brân op A32 by Aldeholtwâlde

De A32 hat tongersdeitemoarn betiid by Aldeholtwâlde in skoft ticht west. In molkwein stie dêr yn 'e brân.
Bylden fan de brânende frachtwein:
De brân wie oan de achterkant fan de molketank. De sjauffeur soe in knal heard ha en hat doe de frachtwein stilset de helptsjinsten warskôge.
Omdat de frachtwein op gas ried, skaalde de brânwacht rap op en gong de dyk ticht. Ferkear rjochting it suden koe by in tankstasjon lâns it plak fan it ûngelok ride, rjochting it noarden koe it ferkear oer in paralleldyk.
De brân op de A32 © ProNews
Frij gau nei't de brân út wie, gong de A32 rjochting Meppel wer iepen. It ferkear rjochting Ljouwert hie wat langer lest fan it ynsidint. Omdat de brânwacht noch neiblusse moast, bleau dy rydbaan noch even ticht. In skoftke letter koe ien rydstripe wer iepen.
It is net bekend hoe't de brân ûntstean koe.