Dokters wolle ophâlde: "Het piept en het kraakt in de huisartsenzorg"

Goed de helte fan de húsdokters wit net oft se noch wol trochgean wol mei it wurk. It wurk is te bannich en der wurdt mar neat oan dien.
Ferbân om de ankel © Shutterstock.com
Dat is de konklúzje fan in ûndersyk fan it sjoernalistike kollektyf Spit. It deiblêd Trouw en it wykblêd De Groene Amsterdammer publisearren woansdei oer it ûndersyk mei de opmerklike útkomsten. Oan it ûndersyk diene 600 húsdokters mei.
De ûnderfrege húsdokters fine harren wurk bannich. De balâns tusken wurk en privee is fersteurd. De nacht- en wykeintsjinsten easkje harren tol en der is in tekoart oan stypjend personiel.
Mar sawat ien op de fiif tinkt dat se oer 15 jier noch altyd húsdokter binne. Goed de helte twivelet deroer oft se eins wol fierder wolle. Tolve persint giet seker net troch, want dy groep húsdokters hat it pensjoen al yn sicht.
Karin Groeneveld © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Foarsitter Karin Groeneveld fan de Fryske húsdoktersferiening werkent har yn de útkomsten fan it ûndersyk. "Het piept en het kraakt in de huisartsenzorg."
Dêr binne meardere redenen foar. De soarch wurdt komplekser, omdat minsken âlder wurde en langer thús wenjen bliuwe. Fierders binne der wachtlisten yn de sikehuzen, yn de jongereinsoarch en by de GGD. Salang't de pasjint dêr noch net ûnder behanneling is, is de húsdokter ferantwurdlik.
Dan is de drokte yn de jûnen, nachten en wykeinen folle grutter wurden. Guon húsdokters sitte mei in húsfestingsprobleem of mei in opfolgingsprobleem en dokters binne in soad tiid kwyt mei it ynfoljen fan formulieren, "Terwijl je liever wilt dokteren", seit Groeneveld.
Sels hopet se oer fyftjin jier noch wol húsdokter te wêzen. Mar der moat seker wat barre om de dokters mear lucht en romte te jaan.
De problemen binne al langer bekend. Groeneveld hopet dat de útkomsten fan dit nijste ûndersyk it kwartsje no einliks de goede kant op falle lit. Dat der goede ôfspraken komme mei de soarchfersekerders en dat de lanlike polityk ek each foar de problemen kriget.