Theun Wiersma ferruilet 50PLUS foar de FNP en is dêrmei de twadde Fries

Steatelid Theun Wiersma ferrruilet 50PLUS foar de FNP. Hy makket syn perioade ôf, mar hat wol de konklúzje lutsen dat 50PLUS no echt yn 'e lytse loege sit. Wiersma is net de earste.
Steatelid Theun Wiersma © Omrop Fryslân
Wiersma sit op dit stuit as ienmansfraksje yn Provinsjale Steaten. De Drachtster stelt him takom jier net opnij foar 50PLUS ferkiesber.
Hy is net de iennige Fryske 50PLUS'er dy't de oerstap nei de FNP makket. Yn septimber 2020 makke Irene van Breemen-Schneider dy kar ek al. Sy siet foar 50PLUS yn de ried fan Ljouwert, mar ferliet dy partij nei 'ferskillen yn ynsjoch.'
Neffens Wiersma binne der twa redenen om de oerstap te meitsjen: de rebûlje binnen 50PLUS en syn ambysjes mei Fryslân.

'50PLUS gjin kâns fan slagjen mear'

Nei't de lanlike listlûker Liane den Haan 50PLUS ferliet, luts Wiersma al de konklúzje dat de kâns fan slagjen fan 50PLUS nihyl wurde soe. "Om wer lanlik op it toaniel te ferskinen soe in hiele toer wêze."
Wiersma jout oan sûnt ferline jier bot sykjende west te wêzen oft 50PLUS syn partij noch wol wie. "Der hawwe yntern in soad perikels west. Begjin ferline jier haw ik betanke foar de konseptlist dy't der lei foar de Twadde Keamerkanidaten."
Wiersma op argyfbyld © Omrop Fryslân
Hy makke dúdlik it geharrewar binnen 50PLUS net te wurdearjen. Yn jannewaris 2021 waard hy frege foar de nije partij Evert!. Wiersma kaam op plak trije op de list, mar de partij helle de nedige stipe net om meidwaan te kinnen oan de ferkiezingen. Dochs bleau Wiersma wol yn de Steaten, om in min ofte mear ûnôfhinklike koers te farren.
"Spitigernôch hawwe wy troch corona en oare oarsaken de einstreek net helle. Wy krigen it net foarinoar. Dan bliuwe je dochs binnen de provinsje aktyf. Dat is ek net slim, want ik begûn my stadichoan wol te realisearjen dat dit myn provinsje is."

Stânpunten ticht byinoar

Doe kaam de twadde reden om in oerstap te meitsjen. "Salang't ik yn de Steaten sit komt dochs hieltyd mear it gefoel nei boppen dat ik my sterk meitsje wol foar Fryslân. Ik bin in Fries en libje en wurkje hjir."
Steatelid Theun Wiersma
De FNP like him de goede kar. "Ik murk yn de ôfrûne twa jier al dat beide fraksjes mei wille gearwurken en dat ús útgongspunten faak ek wol op itselde del kamen. Bygelyks mei De Hege Warren, dêr't wy tegearre in moasje foar taret hawwe. Der is wolris sein: Theun, wêrom bist net by ús kaam?"

Perioade ôfmeitsje

No docht er dat, al makker hy syn perioade wol ôf. "Ik fyn ek dat je dat ferplichte binne oan je kiezers. Sy hawwe op je stimd, dy kinne je net samar sitte litte. Dat hoecht ek net, want it programma is dochs goed. En it past ek by it programma dêr't de FNP mei wurket."