Friezen faak tsjin foarrang foar Oekraïners by sosjale hierhûzen

In grut part fan de Friezen fynt dat Oekraynske flechtlingen gjin foarrang krije moatte foar in sosjaal hierhûs. Allinnich yn Flevolân en Seelân binne mear tsjinstanners.
Opfangplakken foar Oekraynske flechtlingen op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Oer hiel Nederlân besjoen is 60 prosint tsjin foarrang foar de Oekraynske flechtlingen. Dat docht bliken út in enkête fan ANP/LocalFocus yn gearwurking mei Kieskompas. Sa'n 4000 Nederlanners ha de enkête ynfolle.
It kabinet wurket op it stuit oan in Nationaal Programma foar de opfang fan Oekraïners, mei strukturele oplossingen foar saken as soarch, ûnderwiis, wurk en sosjale foarsjenningen.

Langer fêstigje

Foar sosjale hierhûzen komme Oekraïners op it stuit net yn oanmerking, mar it kabinet hâldt der wol rekken mei dat guon Oekraïners har op termyn foar langere tiid of foar altyd yn Nederlân fêstigje.
Seis op de tsien Nederlaners fine dat Oekraïners gjin foarrang ha moat op in sosjaal hierhûs. 16 prosint fynt dat Oekraynske flechtlingen just wol foarrang krije moatte. De oaren witte it net of ha gjin miening.

50.000 Oekraynske flechtlingen

Sûnt it útbrekken fan de oarloch yn Oekraïne, ein febrewaris, ha hast 50.000 Oekraïners har by gemeenten yn Nederlân ynskreaun. Foar flechtlingen dy't har as statushâlder ynskriuwe wolle, moatte op termyn passende wenromten fûn wurde.
De Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) lit witte dat de druk op de sosjale húsfêsting fierder tanimme sil as Oekraïners ek oanspraak meitsje kinne op in sosjaal hierhûs.
De ferwachting is dat de flechtlingen net perfoarst foarrang krije sille, neffens in wurdfierder. "Sociale huurwoningen zijn bedoeld voor allerlei groepen, niet alleen Oekraïners."