Ried fan Steat: fracking no net tastien yn gaswinfjild Pitersyl

Der komt gjin gaswinning troch middel fan fracking yn it fjild 'Pitersyl' yn Grinslân, dat diels ûnder Fryske grûn leit. De Ried fan Steat hat dat bepaald.
Gaswinprotest yn 2018 yn Grinslân net fier fan Boerum © De Vries Media
It giet om it gasfjild dat de namme 'Pieterzijl-Oost' hat. Dat leit foar in grut part yn westlik Grinslân, mar diels ek yn Fryslân, ûnder oare by Mûntsjesyl.
It winningsplan Pieterzijl-Oost joech gaswinbedriuw NAM earder wol de mooglikheid om mei fracking ekstra gas út de djippe ûndergrûn te heljen. Dêr kaam in soad ferset tsjin.
By fracking wurdt ûnder hege hydraulyske druk in hurde laach djip yn de grûn 'lostrille'. Dan kinne gas en oalje makliker omheech komme en út de grûn wei helle wurde.

Minister hie fracking al út winningplan helle

Nei in soad beswieren fan omwenners en belange-organisaasjes en nei in krityske tuskenútspraak fan de heechste bestjoersrjochter skraste de minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat ein ferline jier de frackingmooglikheid út it winningsplan foar Pieterzijl-Oost. It winningplan is doe dus oanpast.

'Normale gaswinning' wol tastien

De NAM mei wol oant 31 desimber 2023 noch 255 miljoen kubike meter gas út it Frysk-Grinslanner gasfjild winne, mar dan op de normale wize, sûnder fracken.

Tsjinstanners woene 'ivich frackingferbod'

Dochs makken de tsjinstanners, wêrûnder Vereniging Onze Klei, Boerenbelang Mijnbouwschade en Pleatslik Belang Pieterzijl noch beswier tsjin it oanpaste winningsplan. Se fertrouden it net hielendal en easken foar altyd in totaal-frackingferbod.
Mar neffens de Ried fan Steat kin de NAM neffens dit winningsplan net fracke.

Fracking wer mooglik by nij winningsplan

Mocht it gaswinbedriuw dochs noch plannen yn dy rjochting krije, dan sil de NAM in folslein nij winningsplan by de minister yntsjinje moatte. En dêr kin dan wer apart beswier tsjin makke wurde.