'Húskeamer' en frijwilligerswurk lûke flechtlingen de mienskip yn

Even ûntsnappe út de drokke sintrale hal. Spesjaal foar flechtlingen yn de needopfang yn Ljouwert hat it COA in 'huskeamer' opset. Dêr krije WTC-bewenners ûnder oare taalles.
It sintrum gie mei de lockdown al fan start, mar wurdt hieltyd fierder útwreide. Utsein taallessen en de opsje om te sporten of kofje te drinken, is der sûnt koart ek in fytsewurkpleats en in kleanútjefte.

Minne omstannichheden yn hal

Flechtlingen yn de needopfang lutsen koartlyn opnij oan de bel oer de omstannichheden dêr. Der wenje sawat 600 minsken, wêrfan 150 bern. Der is gjin deiljocht en bewenners ha gjin privacy omdat der gjin plafonds en doarren binne. Der is dêrom in petysje opset.
VluchtelingenWerk fynt dat flechtlingen sa gau mooglik nei in oare romte moatte. Flechtlingen wurde yn de steek litten, seit de stichting.

Ferbliuwsfergunning

De nije romte is in folle nofliker ferbliuw. It COA hopet ek dat de nijkommers dêrmei de Nederlânske taal flugger ûnder de knibbel krije. In winsklike situaasje, seit Andrew Cornelis fan it COA.
"In dit stadium van de asielprocedure is dat geen vanzelfsprekendheid. Mensen krijgen normaal pas een taalles aangeboden op het moment dat ze echt een vergunning krijgen."

Kontakt mei Nederlanners

Njonken de taal is ek frijwilligerswurk tige wichtich. Dêrom is der bygelyks in folkstúnprojekt en wurket it COA ûnder mear gear mei allerhanne festivals yn de stêd, lykas Bosk en Befrijdingsdei. Mei Luna hawwe al sa'n 70 flechtlingen frijwilligerswurk dien.
"We willen we graag dat mensen de wereld in gaan. Zodat ze contact maken met Nederlandse mensen. Dat is uiteindelijk het allerbeste", seit Cornelis.