Paul van Dijk wint D.A. Tammingapriis foar 'Famke fan snie'

Mei syn bondel 'Famke fan snie' hat Paul van Dijk fan Warkum de D. A. Tammingapriis wûn. De priis, dy't yn 2014 ynsteld waard troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, is in priis foar it bêste Fryske literêre debút.
© Paul van Dijk | Tresoar
De D. A. Tammingapriis is in mearjierlikse priis foar proaza en poëzy. De winner kriget 3.000 euro. De sjuery, besteande út Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar, keas 'Famke fan snie' út de tolve poëzydebuten dy't tusken 2017 en desimber 2021 ferskynd binne.

'Famke fan snie'

De debútbondel 'Famke fan snie' hat as sintraal tema it ferlies fan in lyts, tear famke en 'is opset as in symfony yn trije parten, rinnend fan mineur nei majeur'. Mei orizjinele en fantasyrike bylden wit de dichter de lêzer mei te nimmen, sa seit de sjuery.
Wat de bondel neffens de sjuery ek bysûnder makket, is dat de dichter troch ferwizingen nei keunstuteringen yn muzyk, literatuer en skilderkeunst syn wurk ferknopet mei dat fan eardere keunstbruorren en -susters.

Learaar Ingelsk

Paul van Dijk (1981) is learaar Ingelsk en wûn earder twa kear in Rely Jorritsmapriis foar in fers. De D. A. Tammingapriis wurdt op 10 juny útrikt op Tresoar.