4 moannen lang wurk oan de A32 by Akkrum troch ynstabile fundearring

Rykswettersteat docht tusken 9 maaie en 26 augustus grut ûnderhâld oan de A32 tusken It Hearrenfean en Grou. De fundearring is net stabyl, dêrom moat de dyk op 'e nij oanlein wurde.
De A32 by Akkrum troch in autospegel © ANP
De sneldyk wurdt folslein opnij oanlein, om't de fundearring fan beide rydbanen net stabyl is. Dêrtroch ûntsteane der gatten en hobbels.
Yn de rjochting fan It Hearrenfean is der sa'n seis wiken lang mar ien rydstripe iepen, oant 22 juny. Benammen yn de spits is der kâns op files. De oare kant op binne wol beide rydstripen iepen.
De tarit en ôfrit nei Akkrum is op 13 juny en 1 july ticht. Dêrnjonken is it fersoargingsplak by Akkrum op 7 juny ticht. Der wurde omliedingsrûten oanjûn.