Oekraynske Dariia stiet eigen lângenoaten by: "Ik bin bliid dat ik helpe kin"

De wrâld fan de Oekraynske Dariia (17) stiet op syn kop. De studinte út Kiev moast flechtsje. Nei Beetstersweach wennet se no op 'e Gordyk. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Dit is diel 8: de help en de ferhuzing.
© Omrop Fryslân
"Nei twa moanne yn Nederlân wol ik no wat fertelle oer de famylje dy't ús opnaam hat en oer de help fan de Nederlânske oerheid.
Doe't wy by it hûs fan ús gastfamylje oankamen, hie ik der gjin idee fan hoe't it wêze soe om dêr te wenjen. Yn it begjin moasten we hiel bot wenne. We fielden ús ûngemaklik en woene de famylje net steure yn harren deistige libben. Dêrom bleaunen we safolle mooglik op ús keamers.
Nei in pear dagen begûnen we folle mear mei harren te praten. We hawwe in soad stipe fan harren krige. No binne sy de Nederlanners dy't it tichtste by ús stean. Se makken ús dúdlik dat we útrêste koene en dat we harren fertrouwe koene. Se binne net allinnich freonen wurden, mar ek famylje."
Dariia mei har famylje op Keningsdei mei de gastfamylje © Eigen foto
"We hawwe in soad mei-inoar dien. Se hawwe ús tulpefjilden en de see sjen litten. We hawwe nei in ferdivedaasjepark en nei Grins ta west en mei-inoar oan it sporten west. De peaskedagen en Keningsdei hawwe we ek mei-inoar trochbrocht. Mei tank oan harren bin ik begûn oare Oekraïners te helpen.
Nei in moanne yn it hûs fan ús gastfamylje wenne te hawwen, kamen der ideeën oer permaninte húsfêsting te praat. Wy begrypten ek wol dat wy as famylje net altyd yn harren hûs bliuwe kinne. Dêrom fertelden se ús oer permaninte wenplakken."
Oekrayske famylje fan Dariia deike fuort mei gasthúshâlding © Eigen foto
"Se seine dat der op 'e Gordyk in hûs wie foar Oekraynske húshâldingen. Wy hawwe it der mei-inoar oer hân en doe hawwe we besletten dat ferhúzje de bêste opsje is.
Op it momint dat ik dit deiboek skriuw, wenje ik trije dagen yn ús nije ûnderkommen op 'e Gordyk. Dêr haw ik in grutte keamer op deselde ferdjipping as de keamer fan myn âlden."
Oekraynske famylje fan Dariia by de see yn Nederlân © Dariya
"De gastfamylje hat ús bot holpen mei de ferhuzing. Se brochten ús guod hjirhinne en we krigen sels fytsen en meubels foar ús nije keamers. Yn dit hûs wenje noch fjouwer oare húshâldingen. Twa fan harren komme ek út Beetstersweach. Yn it hûs hjirnjonken wenje ek Oekraynske famyljes, dus wy hawwe in soad oan inoar."

Help

"Sûnt dat wy yn Nederlân binne, hawwe wy in soad help hân fan frijwilligers. In soad minsken hawwe klean meinommen, dy't we dan oan alle famyljes jaan koene. De frijwilligersgroep Code Hans jout ús alle wiken itenspakketten en wat jild.
Ik bin bliid dat ik meihelpe kin by de fersprieding fan it guod en de help oan oare Oekraïners. Ik haw ek geregeld kontakt mei minsken fan 'e gemeente. As der wat nijs te melden is, kin ik dat oan oare Oekraynske famyljes trochjaan.
Wy krije noch alltyd gjin bystânsjild fan de oerheid. Ik hoopje dat wy dat wol krije, sadat wy as húshâldingen genôch jild hawwe om yn Nederlân te wenjen."