Túnkers Noard-Nederlân slaan hannen yninoar mei nije organisaasje

Noardelike túnkers ha de hannen yninoar slein yn in nije organisaasje. De sektor hat in netwurkorganisaasje oprjochte dy't harren belangen fertsjintwurdiget: Greenport Noord.
In Frysk túnboubedriuw © Omrop Fryslan
Op dy wize wolle kwekers better ynspylje op saken as húsfêsting fan arbeidsmigranten, enerzjyfoarsjenning en ferduorsuming.
"De noardlike problemen binne oars, om't de bedriuwen hjir faak fierder út inoar lizze", seit Romkje de Hoop. Sels hat se in kwekerij en túnsintrum yn De Trieme. Se sjocht dat de túnkers yn Fryslân, Drinte en Grins minder faak mei-inoar oer saken oerlizze.

Ien oansprekpunt

Boppedat witte gemeenten en provinsjes net genôch ôf fan de ferskate sektoaren yn de túnbou, seit De Hoop.
Op it stuit moatte ûndernimmers "sels de lyntsjes lizze mei in wethâlder of amtner. As je wat wolle, moatte je se útnûgje, en dat bliuwt der faak by. Der is gjin kunde op it gemeentehûs of provinsjehûs."
Een meiwurker yn de glêstúnbou © ANP
Neffens De Hoop is it just hiel wichtich dat de gemeenten witte "hoe't de bedriuwen derút sjogge, watfoar ambysjes se ha, hoe't it wurket en wat in modern bedriuw is dêr't takomst yn sit."
Der is in enoarme belangstelling.
Túnker Romkje de Hoop oer Greenport Noord
Likernôch hûndert bedriuwen en organisaasjes hawwe harren yntusken oansluten by Greenport Noord.
"We prate oer kwekers, banken, taleveransiers, foarljochting, ûnderwiis, útstjoerburo's, ûndersyk, provinsjes en gemeenten. We ha no 106 partners, mar der binne der noch mear dy't der oer neitinke. Der is in enoarme belangstelling."