Motordieven crashe yn Ljouwert, plysje driget mei stroomstjitwapen

De plysje hat twa ynwenners fan Ljouwert oanholden dy't flak dêrfoar mei in stellen motor crasht wienen. Nei in koarte efterfolging waarden de twa oppakt.
De motor nei de crash © AS Media
It ynsidint barde yn de nacht fan moandei op tiisdei. Doe seach in plysje in motor op it Hoeksterpad mei twa minsken sûnder helm. Doe't de plysje de efterfolging ynsette, gongen de motorriders yn hege snelheid nei de Spanjaardslaan. By de Valkstraat fleagen se út de bocht.
De twa motorriders rûnen fuort, mar flak dêrnei joech de bestjoerder him oer. Dat die er nei't de plysje drige mei in stroomstjitwapen. Letter koe de passazjier oanholden wurde, nei in oanwizing fan in tsjûge.
De fertochten, in man en in frou, binne beiden 31 jier en komme út Ljouwert. Se binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêrnei wurde se heard.

Motor fan Claudia Woolgar

De motor is fan Claudia Woolgar, produsint yn de teäterwrâld. Se hie earder al ferteld dat har motor stellen wie út har foartún. "Heartbroken", seit se.
Woolgar is oandien troch it hiele barren. "Ik vind het echt verschrikkelijk, ik had dit niet in Leeuwarden verwacht. Ik voel me nog steeds niet veilig in mijn eigen huis." Sy sliept min, fertelt sy.
"Helaas zijn er mensen op de wereld die de spullen van andere mensen willen nemen. Ik was het paasweekend weg. Mensen weten dat er huizen leeg zijn. De motor stond in de tuin toen ik wegging, maar toen ik dinsdag terugkwam, zag ik dat 'ie weg was."
Claudia Woolgar is oandien
Der wie ek ynbrutsen. "Binnen lag allemaal rotzooi en er waren allemaal spullen weg." It meast drôvige is noch dat in hurde skiif meinommen is mei al har foto's en oantinkens.
De ôfrûne wike waard de motor al op ferskate plakken sjoen yn de stêd. Sy kaam de motor sels ek tsjin, doe't sy op in terras siet. Woolgar is ferromme dat de motor no wer terjochte is, hoewol't sy net wit hoe skansearre de motor krekt is.