Hûnderten beammen yn Ljouwert komme yn beweging

It kuierjende Bosk yn Ljouwert is yn beweging kaam. De earste bakken mei beammen stean by it stasjonsplein. Bosk is ûnderdiel fan de kultuermanifestaasje Arcadia.
It is noch in hiele put om de beammen te ferpleatsen:
Arcadia duorret hûndert dagen en set kommend wykein offisjeel útein. De ôfrûne wiken stienen de beammen fan Bosk op in terrein oan de Snekertrekweg. Dêrwei wurde se dizze dagen nei it stasjon brocht, in tocht fan in pear hûndert meter.

Swiere put

In hiele put, fertelt kultureel ferslachjouwer Wendy Kennedy. "Foar elke beam binne der fiif minsken nedich, want it is bêst swier. Se brûke dêr spesjale pompweinen foar. Dy kinne se ûnder in beammebak stekke."
Elke bak mei in beam deryn weaget sa'n tûzen kilo. Yn totaal binne der sa'n tûzen beammen, dy't in bosk foarmje. "Op de earste dei binne der 110 beammen ferpleatst", fertelt Kennedy. "De planning wie om moandei 200 beammen nei it stasjon te bringen."

Tocht troch de stêd

Dat is net slagge, mar de kommende dagen is der noch genôch tiid. "It soe woansdei klear wêze moatte, mar oars is der altyd noch útrin nei tongersdei en freed. Fan saterdei ôf reizget it bosk troch it sintrum fan de stêd, te begjinnen by it stasjon."
It bosk komt op alve ferskaten plakken yn Ljouwert te stean, lykas it Blokhúsplein, it Saailân en de Foarstreek. Der wurde tsientallen aktiviteiten rûnom it Bosk organisearre.