Seis helden krije medalje foar rêden fan slachtoffer auto-ûngelok

Seis helden hawwe moandei in medalje en in oarkonde krigen foar it rêden fan in 78-jierrige Drachtster. De ûnderskiedingen waarden útdield troch de Koninklijke Maatschappij tot Redding van Drenkelingen.
Robert van Straten fertelt oer de aksje:
Wijbren van der Werff bedarre op 24 novimber mei de auto op de kop yn de sleat oan de Wâldwei by Burgum. Trije manlju twivelen net, mar gienen it wetter yn om it slachtoffer te rêden. Foar it rêdingswurk en foar it reänimearjen fan de man, binne de seis huldige op it gemeentehûs yn Drachten.
"Dit is in prachtige afsluiting, totaal onverwacht, maar hartstikke mooi", seit Robert van Straten. "Ik ben wel trots op de medaille, maar het moet nog even indalen."
It slachtoffer sels wie noch te bot oandien om wat te sizzen. Hy is bliid dat er by de huldiging oanwêzich wêze koe.
Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by de huldiging