Under Wetter, in lokaasjefoarstelling basearre op feiten

'De technyk fjochtet in oarloch út mei de natuer, mar fan de natuer kinst net winne', seit boekhâlder Dennis yn de lokaasjefoarstelling Under Wetter fan Tryater. De natuer spilet in grutte rol yn de foarstelling.
Miranda Werkman sjocht achter de skermen by Tryater © Omrop Fryslân, Jilmer Postma
Afke, spile troch Tamara Schoppert, moat yn it stik in beslút nimme oer de ferkeap fan de iisbaan. Want dêrmei kin se it boerebedriuw rêde. Boekhâlder Dennis makket him grutte soargen oer de takomst. Wa wit, ropt er, stiet aanst de hele boel wol ûnder wetter.
Dit is in repetysjesêne, mar betinker en regisseur Tatiana Pratley hat mei skriuwer Wessel de Vries praat mei ferskate saakkundigen. In foarstelling basearre op feiten dus.
Yn de podcast 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' praat programmamakker Miranda Werkman fierder mei ien fan dy saakkundigen oer hoe't it komt mei Fryslân en it wetter.
Werkman folget yn de podcast de tariedingen fan de lokaasjefoarstelling Under Wetter, dy't op 14 maaie yn premjêre giet op de iisbaan fan Wergea. Moandeitejûn 2 maaie is de lêste ôflevering fan de byhearrende telefyzjerige te sjen.
We kinne ús mar klearmeitsje foar de waarsektremen dy't komme en dy't we no al sjogge, seit Karel Veeneman. Hy is programmamanager klimaatadaptaasje by Wetterskip Fryslân.
Karel Veeneman © Omrop Fryslân
Adaptaasje, oftewol we moatte ús oanpasse, want ús syteem is net makke op ekstremen. En it systeem kin ek net hjir op oanpast wurde. Dus moatte wy minsken dat dwaan.
Koop maar een paar laarzen.
Dykgraaf Luzette Kroon
Sa'n pykbui as ferline jier yn Limburch foel, kin hjir ek falle, follet dykgraaf Luzette Kroon de ekspert oan. "Koop maar een paar laarzen", seit se. Se neamt Surhústerfean, dêr't ferline simmer ynwenners fan in fersoargingstehûs evakuearre wurde moasten.

Hoe grut mei de skea wêze?

It wie 'mar' 10 sintimeter, mar ek dat soarget foar flinke skea. We sille dan ek akseptearje moatte dat we sa no en dan oerlêst ha. Skea oan gewaaksen, mar ek oan huzen.
De fraach is dan ek: hoe grut mei dy skea wêze? En wat kostet dat? It wurdt net mear allegear foar ús oplost, seit Veeneman. Yn lannen om ús hinne binne se al folle fierder mei bygelyks it opfangen fan reinwetter en dat brûke foar de wask yn plak fan skjin drinkwetter.

Slachtoffer fan ús eigen sukses

De needsaak wie dêr altyd grutter, om't de systemen it der al earder ôfwitte litten ha. Eins binne we in bytsje slachtoffer fan ús eigen sukses. Want sa lang as it goed giet, fiele we de needsaak net om te hanneljen. It besef dat it klimaat feroaret is der wol. Mar no moatte we der noch nei hannelje.
Dykgraaf Luzette Kroon © Omrop Fryslân
We wenje yn ien fan de meast feilige lannen, beklammet Veeneman. Dus it is ek wat in dûbeld boadskip; feilich mar kwetsber.

Yn akje komme

It giet derom dat we no mei-inoar yn aksje komme om derfoar te soargjen dat de generaasje nei ús ek goed wenje kin. "Think big, act small, act fast", ropt er op. Begjin yn dyn eigen tún en fang dat reinwetter op. Alle lytse bytsjes helpe.
It docht him goed dat ek de wenningbou stadichoan feroaret. Neidat der no mear enerzjy- en klimaatneutraal boud wurdt, sil der ek mear wetterneutraal boud wurde moatte.
Of net mear huzen foar de langere termyn op itselde plak, mar ek driuwende huzen. Of huzen op peallen. Dy ûntwikkelingen binne folop geande.
It folsleine ferhaal is te hearren yn de podcast 'Fan binnenút, meisjen by Tryater'.