"De kranksinnige slotfaze wie de kroan op de wedstriid"

Sportferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber ha "optimaal genoaten" fan de Fryske derby. Hearrenfean en Cambuur holden inoar nei in spektakulêre wedstriid yn lykwicht: 3-3.
© Omrop Fryslân
Wat fûnen jimme fan de útslach? Wie it terjochte?
Roelof de Vries: "Ik kin hiel goed libje mei dizze 3-3. De earste helte wie foar Hearrenfean, de twadde foar Cambuur. De bêste kânsen wienen foar Hearrenfean, it bettere spul lichtlik foar Cambuur."
Andor Faber: "Ik fyn it ek in hiele terjochte útslach, dy't past by de hiele moaie en knotsgekke middei dy't it west hat. 3-3 is in hiele moaie útslach dêr't eltsenien wol mei libje kin."
Hoe ferklearje jimme it grutte ferskil yn spulbyld tusken de earste en twadde helte?
De Vries: "Hearrenfean sakke yn de twadde helte mear yn en naam minder it inisjatyf. By Cambuur stie it folle better."
Faber: "Cambuur krige yn myn eagen folle better de druk op Hearrenfean. Dat wie yn de earste helte net sa, om't der altyd ien fan de sintrale ferdigeners fan Hearrenfean it middenfjild yn stapte. Dy kamen hiel faak frij. Dêr hienen se yn de twadde helte in better antwurd op. Se setten Hearrenfean yn de opbou better ûnder druk, wêrtroch't Hearrenfean net oan fuotbaljen takaam en Cambuur earder de bal hie."
"Hearrenfean joech de bal ek mear oan Cambuur", nuansearret De Vries.
Harkje nei in kompilaasje fan it radioferslach fan Roelof de Vries en Andor Faber
Faber: "Hearrenfean koe der ek wol mei libje dat Cambuur de bal hie. Hearrenfean hat mei Amin Sarr en letter mei Musaba derby ôfgryslik folle snelheid foaryn en Cambuur hat dat efteryn net. Mac-Intosch en Schouten binne net de fluchsten. It spultsje sa as it him ûntwikkele de twadde helte wie Hearrenfean op it liif skreaun."
Dat wie net tûk, fûn ik.
Roelof de Vries oer de oanpak fan Hearrenfean nei it skoft
De Vries is kritysk op de taktyk fan Hearrenfean yn de twadde helte: "Ik fûn wol dat Hearrenfean sa it inisjatyf weijoech. Dat wie net tûk, fûn ik. Se hienen it yn de earste helte wol ûnder kontrôle: de bettere kânsen, it bettere spul. Dat wie yn de twadde helte oars."
Wat fûnen jimme fan de rol fan skiedsrjochter Bas Nijhuis?
De Vries: "Ik fûn Nijhuis bloedyrritant. Ik hâld wol fan syn wize fan fluitsjen, om it allegear wat gean te litten. Mar je hienen gjin idee wêr't je oan ta wienen: de iene kear wie der in oertrêding dêr't je fan tochten: lit mar trochgean en dan fluite er. De oare kear wie der in 100 persint oertrêding en dan fluite er net. As er konsekwinter fluite hie, dan hie de rebûlje der ek net west."
Faber: "Nijhuis hie lang net sa'n grutte ynfloed op de wedstriid as Makkelie yn desimber wol hie. Dat is posityf. Nijhuis hat it prima dien. As je it oer it generaal sjogge, hat er it tempo der lekker yn holden en yn totaal trije giele kaarten jûn. Dat paste by de wedstriid."
Dan is it logysk dat je langer trochgean.
Andor Faber oer it lange jubeljen fan Cambuur by de 2-3
Net elkenien wie entûsjast oer Nijhuis, merkt Faber op. "Ik sjoch op social media wol krityk fan Cambuurfans dy't sizze dat er te lang trochspylje litten hat. Dat is ûnsin, want doe't Cambuur skoarde, wie der noch in minút te spyljen en Cambuur hat wol ien oant oardel minút oan it jubeljen west. Dan is it logysk dat je langer trochgean."
Hoe wie de sfear?
"Ik ha optimaal genoaten", seit De Vries. "Yn it foar wie ik wol benaud foar ûngeregeldheden yn it stadion, benammen om't guon groepkes Cambuursupporters troch it hiele stadion hinne sieten. Ik hope dêrom dat Cambuur net skoare soe, sadat it net ûntflamme soe, mar se skoarden trije kear en der wie neat oan de hân. De sfear wie hoe't in fuotbalwedstriid heart te wêzen."
Faber: "Dat fyn ik ek. In hearlike fuotbalsfear. Dy slotfaze wie de kroan op de wedstriid, de kroan op de sfear, de kroan op de dei. It wie kranksinnich, it paste perfekt by de derby en dat makket it in geweldige middei."
Yn de SportCast fan hjoed prate ús sportferslachjouwers fierder oer de Fryske twastriid. De podcast komt alle moandeis yn de neimiddei online.
De SportCast is te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps.