Paulissen wie ien minút de held fan Cambuur: "Een rollercoaster van emoties"

Doe't Mitchel Paulissen yn de fjirde minút fan blessueretiid de 2-3 op it skoareboerd sette, wie er de held fan Cambuur. Uteinlik moast er bliid wêze mei ien punt yn de Fryske derby.
"Bij 2-2 was het opluchting geweest, nu is het zuur"
"Ik heb er een minuutje van genoten", fertelt de Limboarger op it stuit dat de adrenaline wer wat sakke is. "Want het was een rollercoaster van emoties."
Yn in goede twadde helte kaam Cambuur earst werom fan in efterstân. Yn blessueretiid liken de Ljouwerters sels de folle trije punten te pakken, nei de goal fan Paulissen.
Ik wist direct dat-ie erin zou gaan.
Mitchel Paulissen oer de 2-3
Hy krige de bal nei in goede pass fan Robin Maulun. "De aanname moest goed. Toen wist ik waar ik ongeveer stond ten opzichte van het doel. In m'n hoofd had ik al gekozen om 'm tegendraads in te schieten. Ik wist direct dat-ie erin zou gaan."
Mar in goede minút letter besoarge Joost van Aken Hearrenfean dochs noch in punt. "Ik zag 'm erin vallen aan de andere kant", beskriuwt Paulissen. Dy baalde fuortendaliks, mar nei de wedstriid miskien noch wol botter. "Het was zo mooi geweest."
Hy is wol grutsk op wat Cambuur sjen litten hat. "Leeuwarden mag trots op ons zijn. En wij zijn trots dat we voor Leeuwarden spelen."

Grutske trainer

Trainer Dennis Haar dielt dy gefoelens. "Het was een geweldige dag. Mensen uit Leeuwarden stonden ons onderweg aan te moedigen op de viaducten, ze hebben zich negentig minuten schor gezongen. Ik ben er trots op dat ik hier trainer mag zijn."
Haar hat him net ryk rekkene, ek net doe't djip yn blessueretiid de 2-3 foel. "Het was een ideaal moment, maar er moest nog afgetrapt worden. We hebben de voorsprong met man en macht verdedigd, maar die afgeslagen bal valt precies voor zijn voeten. Dan hebben zij even geluk."
Hy nimt it syn ploech net kwea ôf. "We hebben gevochten en geknokt, er stond een team. De tweede helft hebben we gedomineerd, vind ik. We hebben Heerenveen naar achteren gedrukt."
De ynterim-trainer kin dus tefreden wêze. "Maar wel met een nasmaak. Het is bitter dat het zo eindigt. Andersom was het lekkerder geweest, maar als ik naar het grote geheel kijk, dan was het geweldig."
Cambuur begûn muoisum oan de wedstriid en seach by it skoft ek tsjin in achterstân oan (2-1). De twadde helte wie fan in hiel oar nivo. Dêryn wie Cambuur fan begjin ôf oan sterker.

Kalm bliuwe by strafskop

Robin Maulun makke healwei de twadde helte de fertsjinne lykmakker út in strafskop. "Dit wie ien fan myn wichtichste goals. It wie in belangryk momint, mar dan moatst kalm bliuwe."
Foar de Frânske stilist wie it syn earste Fryske derby mei publyk. "Op it fjild koest echt fiele dat dit in spesjale wedstriid is. Dat fernimst oan ús eigen supporters, en ek oan dy fan de thúsploech. Dit is úteinlik wêrom't fuotbal sa moai is."
En dat it gjin oerwinning opsmyt, dat is spitich. "Mar we kinne ús sels neat kwea ôfnimme. We ha alles jûn, hielendal yn de twadde helte wienen we goed. Uteinlik hienen sy in gelokje."

Mazzel of net?

Syn kollega op it middenfjild, Mees Hoedemakers, twivelet oft it allinnich gelok wie by de 3-3 fan Hearrenfean. "Hij stond wel echt vrij. Ik moet de beelden nog bekijken, maar misschien hadden we het strafschopgebied beter moeten bezetten. Tegelijk zat er wel wat mazzel bij: Van Ewijk raakt de bal totaal verkeerd, hij valt precies voor Van Aken z'n voeten."
Hoedemakers tocht dat de tiid wol sawat foarby wie nei de 3-2 fan Paulissen. "Je denkt dat je 'm binnen hebt. De ontlading was groot, we moesten nog even volhouden. Nijhuis liet nog even doorspelen en dan valt-ie. Dat is doodzonde."
Troch it lykspul stiet Cambuur no op 34 punten. En dat oantal wurdt al sûnt de tarieding op it nije seizoen as doel neamd: mei 34 binne je praktysk feilich nammentlik. "Dat hebben we nu behaald. En we kunnen nog negen punten pakken. Misschien kunnen we dan nog een keer omhoog kijken ook."