Tolken en oersetters wegerje opdrachten fan oerheid: fergoedingen te leech

Tolken en oersetters dy't foar de oerheid wurkje, fiere dizze wike opnij aksje. Se wegerje in pear dagen opdrachten, omdat se fine dat se te min fertsjinje.
In eardere aksje fan rjochtbanktolken en -fertalers yn Ljouwert © ANP
De aksjewike fan 2 oant en mei 6 maaie is net allinnich om de te lege fergoedingen. Se binne it ek net iens mei it oanbestegingsbelied fan de oerheid.
De aksjefierende tolken en oersetters fine dat harren rol net op wearde skat wurdt. Ek soene oersetters net neamd wurde yn de plannen fan minister Dilan Yesilgöz-Zegerius.

Heger taryf, minder jild

De aksjefierders stride foar in taryfferheging. De minimumtariven foar tolken dy't foar de oerheid wurkje, geane al omheech fan 44 euro nei 55 euro, mar dat is in sigaar út eigen doaze, seit de Fryske rjochtbanktolk Fedde Dijkstra.
Hoewol't it taryf mei goed 11 euro omheech giet, smyt dat foar rjochtbanktolken gjin ekstra ynkomsten op. Dat komt omt de minister de foarrydkosten fan 20 euro derôf helle hat.
It oeretaryf giet dan wol mei 11 euro omheech, mar de measte sittingen duorje net langer as in healoere. Yn sokke gefallen krije se ek mar de helte betelle. De helte fan it nije oeretaryf fan 55 euro is 27,50. Dat is minder as de goed 42 euro dy't se no noch krije.
Foar IND-tolken en de taptolken, dy't ôfharke petearen oersette, is it wol in aardige opstekker, sei Dijkstra yn april. "Mar foar de rjochtbanktolken betsjutte dizze nije maatregels in ferleging fan 35 prosint foar de measte sittingen."
Yn febrewaris lei de beropsgroep ek al in wike it wurk del. De tariven foar tolken en oersetters dy't foar de oerheid wurkje, binne al sûnt 1981 net yndeksearre.