Eaststellingwerf easket útlis oer stikstofrapport provinsje: "Enorm van geschrokken"

By de gemeente Eaststellingwerf is grutte ûnfrede ûntstien oer de kommunikaasje fan de provinsje oer it stikstofbelied. Eaststellingwerf soe boppe-oan stean yn in listje fan gemeenten mei de measte stikstofútstjit.
Kij yn Fryslân © Shutterstock.com (Photos by Tom)
Sa waard it alteast earder dizze moanne presintearre yn it útfieringsprogramma Stikstof Fryslân 2030 fan de provinsje. Neffens dit plan moat foar it werombringen fan de stikstofútstjit yn it súdeasten van Fryslân mear as 100 boerebedriuwen en hast 8.000 bunder grûn opkocht wurde.
It late ta skokte reaksjes ûnder ynwenners, boeren en de lokale polityk. De ried fan de gemeente wol útlis, mar krijt ferantwurdlik deputearre Klaas Fokkinga net te sprekken.
"We zijn er enorm van geschrokken", seit VVD-riedslid Bram van 't Klooster út namme fan de folsleine gemeenteried fan Eaststellingwerf. "Ook onze achterban spreekt ons erop aan."
It gemeentehûs fan Eaststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeenteried wol fan Fokkinga witte wat se ferwachtsje kin. "Het is erg moeilijk voor ons om dit te duiden. Het gaat om 8.000 hectare grond, dat is een derde van de totale oppervlakte van onze gemeente. Het zorgt voor enorm veel onrust. Niet alleen bij de agrariërs, maar bij de hele gemeenschap."
Tusken de ried en deputearre Fokkinga hat gjin rjochtstreeks kontakt west, seit Van 't Klooster. Se sille no yn petear mei ferskate steateleden.
Yn reaksje op de fûle krityk dy't hy krige op syn útfieringsprogramma stikstof sei deputearre Klaas Fokkinga earder dizze moanne dat de provinsje Fryslân net fan doel is om 110 pleatsen yn Súdeast-Fryslân op te keapjen om it stikstofprobleem op te lossen.
Bram van 't Klooster