Frouljusteam Hearrenfean kin Ajax net ferrasse

sc Hearrenfean hat yn de earedivyzje foar froulju net foar in ferrassing soarge tsjin Ajax. It waard 0-2 yn it Abe Lenstra Stadion.
Ajax fiert de 0-1, Hearrenfean baalt © Orange Pictures
Ajax stiet twadde en makket noch kâns op de titel. By de Amsterdammers stie de Friezinne Sherida Spitse yn de basis.
Nei sa'n tweintich minuten kaam Ajax op foarsprong troch in goal fan Romée Leuchter. Dy hie earder ek al in kâns hân op de iepeningstreffer, mar doe rêde Claire Dinkla noch.
Hearrenfean, dat ien nei lêste stiet, hold it ferskil lang beheind ta dy iene goal, mar yn de 66e minút makke Stefanie van der Gragt de 0-2.

Ynfalbeurt Tiny Hoekstra

Dêr bleau it by. By de besikers mocht âld-Hearrenfeanspylster Tiny Hoekstra de lêste tweintich minuten meidwaan.
Hearrenfean spilet dit seizoen noch twa wedstriden. Op freed 13 maaie út tsjin Zwolle en in wike letter thús tsjin Feyenoord.