80-jierrige sjauffeur fan Marsum mei 20 ton iten nei Oekraïne

De 80-jierrige âld-sjauffeur en suvelman Jan Posseth set freed ôf mei 20.000 kilo iten nei Oekraïne. De Marsumer is bekend yn it helpsirkwy en doe't der ferlet wie fan in sjauffeur is Posseth frege om te riden.
"Al soe ik it der op de fyts hinne bringe moatte", seit Jan Posseth:
Posseth hat al sa'n 25 jier ûnderfining mei helptransporten. "Ik haw ek wol yn Oekraïne en de Krim west, dus ik bin der wol wat bekend."
De âld-sjauffeur hat altyd de ropping field om wat foar minsken te betsjutten dy't it minder hawwe. "Hjir lyk sa. Dan begjint it my te brûzen, dan wolle je der graach hinne. Dat kaam no ek op myn wei. Dan moatte je it oanpakke, je krije mar ien kear in kâns."
Jan Posseth mei de kaart fan Oekraïne © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dat fielt hy suver as in plicht. "Ik siet yn tsjinst by de kommando's, dêr seine sy Nunc aut Nunquam: nu of nooit. Dat moatte je dan ek wiermeitsje."

Brânstof byinoar sammelje

It iten dat er nei Oekraïne ride sil, komt by in stichting wei dy't it wer fan gruthannels hat. De disel foar it transport moast noch wol byinoar garre wurde, dêrom hawwe Posseth en syn frou in ynsammelaksje opset.
Hiel benaud foar gefaarlike oarlochssituaasjes is er net. "As it net fertroud is, krije je wol in seintsje dat je net fierder gean moatte", seit hy. "As je freonlik tsjin de minsken dogge, dogge sy dat ek wol tsjin jo."