Wer in Rembrandt yn it Fries Museum: De Vaandeldrager begjint syn reis yn Ljouwert

It skilderij De Vaandeldrager fan Rembrandt is oankaam by it Fries Museum yn Ljouwert. It 17e-iuwske keunstwurk makket in toer troch Nederlân, te begjinnen yn Fryslân.
Rembrandt van Rijn, ‘De vaandeldrager’ (1636). Kolleksje Rothschild © Rijksmuseum
Foar konservator Marlies Stoter fan it Fries Museum fielt it wat ûnwerklik, dat it wurk no yn Ljouwert stiet. "We hadden vanochtend alles klaargemaakt voor de komst. Dan zit je nog een beetje in spanning. En nu is het er. We zijn er een beetje stil van."

Gjin tafal

Dat de toer fan De Vaandeldrager troch de tolve provinsjes úteinset yn Fryslân is gjin tafal. De jonge Rembrandt hie sawol saaklik as persoanlik in bân mei Fryslân. Syn frou Saskia Uylenburg wie hikke en tein yn Ljouwert. Se trouden yn Sint-Anne.
Saaklik kaam Rembrandt yn Amsterdam yn kontakt mei Fryske keunstners, lykas Govert Flinck.
Saskia Uylenburgh (1612-1642) waard yn Ljouwert berne yn in hûs op de Ossekop. Har heit Rombertus wie boargemaster. Saskia waard al betiid wees, maar kaam yn de húshâlding fan in âldere suster yn Sint-Anne terjochte. Dêr troude sy yn 1634 ek mei Rembrandt van Rijn.
Se ferhuzen nei Amsterdam en krigen fjouwer bern, fan wa't allinne Titus folwoeksen wurde soe. Saskia ferstoar yn 1642, nei alle gedachten oan tuberkuloaze.
It Fries Museum hat de kommende moanne net allinnich De Vaandeldrager, der is in hiele tentoanstelling oer de bân fan Rembrandt mei Fryslân. Dêrby is wurk te sjen fan keunstners lykas Lambert Jacobsz en Govert Flinck.
Sa skildere Flinck in portret fan de doe 24-jierrige Saskia Uylenburgh. Ek is der in print te sjen út 1750 fan graveur Pieter Louw, dy't De Vaandeldrager as foarbyld naam.
Dit is wêrom't De Vaandeldrager sa'n bysûnder wurk is:
Yn it Fries Museum is in lêzing troch konservator Friso Lammertse fan it Rijksmuseum. Hy fertelt oer de eftergrûn fan it portret. Ek is der in photobooth fan teäterfoarmjouwers en fotografen Vida en Amir, dêr't minsken in '17e-iuwsk' portret fan harsels sjitte litte kinne.

Fan de Rothschilds nei Fryslân

Rembrandt skildere De Vaandeldrager yn 1636, mar it skilderij wie al sûnt de twadde helte fan de 18e iuw yn it bûtenlân. De rike famylje Rothschild kocht it skilderij yn 1840 út de kolleksje fan de Ingelske kening George IV.
Yn jannewaris it it wurk oankocht troch de Nederlânske steat. It Ryk hat dêrfoar 150 miljoen euro útlutsen. Op dy oankeap wie in soad krityk. Sawol op hoefolle jild it koste as op de tiid wêryn't it jild útjûn is.
Ferskate Fryske politisy rôpen al gau op om it skilderij nei Fryslân te heljen. Guon woenen ek dat De Vaandeldrager hjir permanint hingje soe, mar safier is it net kaam.

De Vaandeldrager en findeldragers

Der waard wol sein dat de faandrich Rembrandt sels wêze soe, mar dat wurd hjoed-de-dei ek bestriden. Der wiene wol mear foarstellingen mei eksoatyske figueren dêr't Rembrandt min ofte mear syn eigen trekken foar brûkte.
Dochs sprekt it wurk minsken oan, fanwege it ljocht dat fan linksboppen op de man falt, de libbene hâlding en it weidraaien fan it lichem fan de figuer.
Findeldragers wiene lju fan oansjen, mar de klean fan de figuer past net by de moade fan de tiid fan Rembrandt. Hy brûkte histoaryske klean, lykjend op in Dútsk-Switserske lânsknecht, mei in baret, pofmouwen en in 'schaambuidel'. It is mear in frije ymprovisaasje op de frijfochten findeldragers, fine guon saakkundigen.

Rûnreizgje

De tentoanstelling Rembrandts Vaandeldrager on tour is fan 30 april oant en mei 29 maaie yn it Fries Museum te sjen. Dêrnei ferhuzet er nei it Centraal Museum yn Utrecht.
Konservator Stoter fynt it in moai idee dat it skilderij rûnreizget. "Je gunt het andere mensen ook. Een fantastische gedachte dat het schilderij deze reis gaat maken. En daarna hangt-ie voor altijd in de eregalerij van het Rijksmuseum."