Aïda en Vadim binne yn Ljouwert: twa publykslûkers foar AquaZoo

Hast twa jier ha se der yn AquaZoo yn Ljouwert mei dwaande west, mar no is it lang om let safier: it bistepark hat in grutte publykslûker krigen, twa amoertigers.
Bylden fan de tigers yn it nije ferbliuw:
De lêste dingen moatte noch klearset wurde, mar de tigers binne no dochs kaam. It froutsje Aïda komt út Safaripark Beekse Bergen en it mantsje Vadim út Sosto Zoo yn Hongarije. Benammen dy lêste moast wol efkes wenne.
"De eerste dag was het echt bijkomen van de reis", fertelt William Kreijkes, haad fan de ôfdieling bistefersoarging. "Hij heeft een reis gehad van zo'n 25 à 26 uur, een beste rit in zo'n kleine kist. Inmiddels heeft-ie achterin het verblijf een mooi plekje gevonden."
It mantsje en froutsje sitte foarearst noch yn aparte ferbliuwen. Uteinlik moatte de twa byelkoar komme en is it de bedoeling dat der lytse tigers komme.

Soarchfâldich planne

Kreijkes: "Het vrouwtje is nog vrij jong, bijna drie jaar oud. Dat is wel de leeftijd dat ze bij haar ouders weggaat, maar we vinden het nog wat vroeg om haar te introduceren bij mannelijke dieren."
Boppedat bepaalt it bistepark dat ek net sels. "Ze zijn onderdeel van een Europees managementprogramma. De coördinator daarvan bepaalt wanneer welke dieren bij elkaar gezet gaan worden."
It projekt hat hiel wat fuotten yn de ierde hân, fertelt manager Jeroen Loomeijer. "Ze zijn twee jaar geleden begonnen met rekenen en tekenen."

Djoerste projekt fan AquaZoo

Alles like klear te wêzen, oant de bistetún de definitive kosten berekkene. "Toen konden we opnieuw beginnen omdat de grondstofkosten zo snel stegen."
De komst fan de tigers is it djoerste projekt fan it bistepark oant no ta. It hat AquaZoo yn totaal hast in miljoen euro koste. Dat moat werom fertsjinne wurde mei merchandise en de ferkeap fan kaartsjes.