Cambuurtrainer beslút sneon oer wa't keept yn de Fryske derby

It is noch net dúdlik wa't der snein ûnder de latte stiet by SC Cambuur. Sonny Stevens is wer opknapt nei syn ankelblessuere, mar syn ferfanger Pieter Bos hat it yn de tuskentiid aardich dien.
Ynterim-trainer Dennis Haar oer de Fryske derby en syn opstelling
Dennis Haar en syn technyske stêf hawwe de knoop noch net trochhakke, fertelt de ynterim-trainer. "We hebben besloten om eerst de hele trainingsweek af te wachten en dan te kijken wat de reactie is van Sonny. Vanuit dat oogpunt nemen we een beslissing."
Dat beslút sil sneon naam wurde nei de lêste training foar de wedstriid tsjin sc Hearrenfean. Oan Stevens sil it net lizze. "Ik ben fit!", fertelt de doelman. "Ik heb de afgelopen week weer met het team meegetraind. Dat betekent dat ik zondag zou kunnen keepen."
Op 6 maart rekke Stevens blessearre oan it ankel yn it duel mei FC Twente. Dêrnei naam Pieter Bos it oer en de Bûtenposter wie tefreden oer syn eigen optredens.
Sonny Stevens (links) en Pieter Bos (rjochts) © Orange Pictures
Alex Bangura, Tom Boere en Maxim Gullit (allen blessearre) binne der snein yn elts gefal net by. Datselde jildt foar Sekou Sylla, dy't skorst is troch syn reade kaart tsjin PSV. David Sambissa sil him ferfange as linkerferdigener.
Fierder wurde der gjin wizigings ferwachte yn de opstelling, útsein miskien de keeper.
Sonny Stevens kin snein syn rentree meitsje by SC Cambuur
De Fryske derby libbet yn Ljouwert, fernimt Stevens. Op Keningsdei rûn er troch de stêd en waard er mear oansprutsen as gewoanwei. "Je hoort veel meer 'kom op' en 'gasgeven'. Dat is anders dan bij een normale competitiewedstrijd."
Ek yn de spilersgroep fan Cambuur is it gefoel oars as oars, fernimt Stevens. "Je merkt dat het leeft. Dat is alleen maar mooi. Ik heb er sowieso zin in. Er staat veel op het spel."
De spanning is wel voelbaar. Dat zit 'm met name in mijn onderbuik.
Ynterim-trainer Dennis Haar fan Cambuur
It is net foar it earst yn de karriêre fan Haar dat er sokke bysûndere wedstriden meimakket as trainer. "Genk tegen Sint-Truiden is ook zo'n derby. En Utrecht tegen Ajax. Dat is geen derby, maar wel vergelijkbaar wat betreft rivaliteit. Een bekerfinale is dat ook. Dat zijn zulke speciale momenten, waarin iets anders gevraagd wordt dan we normaal doen", fertelt de ynterim-trainer fan Cambuur.

Spanning yn de ûnderbúk

Ek foar dizze derby is de spanning te fernimmen by Haar. "Die is wel voelbaar. Dat zit 'm met name in mijn onderbuik. Deze wedstrijd is voor iedereen die Cambuur lief heeft heel speciaal."
Sneon traint Cambuur foar it lêst foar de derby. Dêr wurde in soad supporters ferwachte dy't de ploech de lêste stipe jaan wolle foar it duel mei de buorman út It Hearrenfean.

De Fryske derby by Omrop Fryslân

Snein is alles oer de Fryske derby te folgjen yn in ekstra radioprogramma by Omrop Fryslân. Dat begjint om 11.00 oere en duorret oant en mei 15.00 oere. Fanút it Abe Lenstra Stadion presintearret René Koster it ekstra sportprogramma.
Lucas Bijker en Geert Jelle de Vries binne âld-spilers fan beide klups en sille oanskowe as analisten. It ferslach fan de wedstriid komt fan Andor Faber en Roelof de Vries.