Schrieversronte bestiet 50 jier: "D'r is toekomst veur et Stellingwarfs"

De Stellingwarver Schrieversronte bestiet 50 jier. De stichting is der wakker grutsk op om it 'ooldste streektealinstituut' fan Nederlân te wêzen en hâldt allerhanne festiviteiten.
De Stellingwarver Schrieversronte hâldt ek it Groot Stellingwarfs Diktee (argyffoto) © Stellingwarver Schrieversronte
De stichting is op 29 april 1972 (doe noch as feriening) oprjochte yn Wolvegea. Fanwegen it jubileum hat de Schrieversronte it jier útroppen ta 'Et joar van et Stellingwarfs.'
Op 25 juny moat de grutste jubileumaktiviteit folgje: in spesjale feestdei mei kulturele aktiviteiten yn it iepenloftteäter De Koele yn Appelskea.

Noch hieltyd libbene

"Waor ik et meerst trots op bin is dawwe d'r nog altied binnen", seit direkteur Abel Darwinkel yn it Stellingwerfsk.
"Dat is hatstikke mooi. Bi'j aandere streektaelinstituten in de Nedersaksische perveensies ziej' dat et een kommen en gaon was; alderhaande stichtings, die weer fuseerden of defuseerden. Wi'j bestaon vuuftig jaor en daor bin we hatstikke wies mit."
Direkteur Abel Darwinkel © Abel Darwinkel
Doe't de Schrieversronte it ljocht seach, wiene minsken as Henk Bloemhoff en Johan Veenstra ferneamde nammen binnen de klup. It is net allinne de stichting dy't 50 jier lyn oprjochte waard, mar ek har tydskrift: De Ovend. It desimbernûmer wurdt dêrom in spesjale edysje.

Jubileumfestiviteiten

Dêr bliuwt it net by, fertelt Darwinkel. "D'r komt een mooi jubileumboek en d'r wodt een mooi jubileumfeest orgeniseerd. En d'r komt een jubileumtentoonstelling. En d'r kommen weer vier mooie boeken an disse zommer."
Foar it spesjale jubileumboek is in redaksjekommisje opset, ûnder lieding fan Sietske Bloemhoff.
De boeken yn 'e kroade (argyffoto) © Stellingwarver Schrieversronte
Darwinkel wit suver net te beneamen wêr't er it meast grutsk op is. "We hebben hatstikke vule daon. D'r weren hiel veul mooie aktiviteiten in de streektael, we hebben d'r veur zorgd dat d'r lesgeven wodt in en over et Stellingwarfs, we hebben veul boeken uutgeven in et Stellingwearfs, veul schrievers gavven lezings, et is aenlik te veul om op te numen."

Streektaal, skiednis, kultuer

De Schrieversronte is der foar de Stellingwerfske streektaal, skiednis en kultuer. It is it wichtichste ynstitút op it mêd fan de regio, dêr't fan âlds Stellingwerfsk praat wurdt. Dat is in foarm fan it Nedersaksysk.
It Nedersaksysk is yn 2018 yn nasjonaal ferbân erkend as folweardige, selsstannige taal. Tweintich jier dêrfoar waard it al as regionale taal erkend yn Europa.
De minsken efter de Schrieversronte jouwe net allinne mar literatuer, wurdboeken, publikaasjes oer skiednis, fjildnammen en kultuer út, mar binne ek aktyf foar it ûnderwiis. Der binne digitale lessen geakunde opset en der binne tal fan projekten, lykas it 'Tomke-veurleesprejekt.'
Bern lêze in boek yn it Stellingwerfsk (argyffoto) © Stellingwarver Schrieversronte
Der wurde lêzingen en kursussen holden en de leden dogge ûndersyk nei taal en skiednis.
Yn de rin fan de jierren is der mear wurdearring kaam foar it Stellingwerfsk, tinkt Darwinkel. Al sjocht er ek wol dat de tiid syn wurk docht. "Zoas veur elke tael gelt: et veraandert."

Taal yn beweging

Dat sjocht Darwinkel sels yn syn eigen húshâlding. "As ik mien kiender praoten heur, dan zitten daor veul Engelse woorden tussen. Wat aj' wel zien, ok bi'j et Fries daenk ik, is dat de tael minder deurgeven wodt as eerder. Op straote leren ze et ok niet meer. De kiender hebben allemaole een tillefoontien waor ze ok Engelse filmpies op kieken. Daor kan een streektaelinstituut niet veul an doen."
D'r is toekomst veur et Stellingwarfs. Wi'j gaon mooi mit de Schrieversronte de volgende vuuftig jaor in.
Direkteur Abel Darwinkel
Mar je moatte ek net oerdriuwe, fynt Darwinkel. "Ik heur de tael nog elke dag om mi'j henne. D'r is toekomst veur et Stellingwarfs. Wi'j gaon mooi mit de Schrieversronte de volgende vuuftig jaor in."