De stiensetters fan de Ofslútdyk: "Niet zeuren, maar stampen"

Jan Kok en Patrick van der Wiel lizze tegearre 1,2 miljoen stiennen del op de Ofslútdyk. Jan is de stiensetter en Patrick de kraanmasinist. De manlju binne al twa jier dwaande, troch waar en wyn.
De stiensetters fan de Ofslútdyk
"Wij gaan altijd door, tenzij vanuit Uitvoering het werk wordt stilgelegd", fertelt Jan. "Maar anders is het gewoon doorgaan. Niet zeuren, maar stampen."
Yn totaal pleatse de beide manlju sa'n 1,2 miljoen saneamde 'quatroblocks' dy't de noardkant fan de Ofslútdyk beskermje moatte tsjin de Waadsee.

Hiele dyk fol mei 'blokkies'

De manlju binne der al twa jier mei dwaande. "Dit moet je niet je hele leven lang doen", seit Patrick, "dan wordt het saai. Maar ik heb straks de hele dijk vol gelegd met blokkies! Dat is toch mooi."

Jan skat yn dat se noch oant desimber dwaande binne. "Het verveelt geen dag. Als we weer goed wat meters hebben gelegd, en het staat allemaal netjes, dan ga ik weer met een goed gevoel naar huis."
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in grutte ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.
Yn 32 reportaazjes, likefolle as it tal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk binne te finen op ús temaside.