Betonferhurding foar kontroversjeel Koekoekspaad by Feanwâlden

It Koekoekspaad fan Feanwâlden rjochting Feanwâldsterwâl sil sa gau mooglik in 'betonferhurding' krije. Dat waard dúdlik yn de riedsgearkomste fan Dantumadiel.
It Koekoekspaad © RTV NOF
In yntsjinne moasje fan Gemeentebelangen waard oannommen. De partij stelde earder al ferskate fragen oer de situaasje.

Tydlike oplossing

In tydlike oplossing foar it ôfkarde fytspaad soarge foar in soad fragen. It asfalt wie losfreze en walst. Yn de measte gefallen plakt it losse asfalt dan wer oan inoar, mar by it Koekoekspaad wie it dêr te drûch foar.
It wie in stikel yn 'e foet foar hoarekasaak 't Dûke Lûk, dat oars in soad klanten fia it paad krijt. Der ûntstie in soad kommoasje de lêste tiid oer de minne begeanberens fan it populêre paad.
Eigener Riek Everts fan 't Dûke Lûk twa wiken lyn oer it probleem: