Nearne safolle bern ûnder jeugdbeskerming as yn Fryslân

1,36 prosint fan de bern en jongerein tusken de nul en santjin jier âld hat yn Fryslân jeugdbeskerming. Dêrmei stiet Fryslân no op it earste plak fan de list provinsjes mei relatyf de measte bern ûnder jeugdbeskerming.
© Shutterstock.com (Nikodash)
Lanlik is it oantal bern ûnder jeugdbeskerming hast ien prosint. Dat wol sizze dat de rjochter ûnder twang in maatregel opleit wannear't frijwillige help net (mear) wurket en de ûntwikkeling fan in bern yn it gefaar liket te kommen.

Delgong yn oare regio's

Ferline jier stie Fryslân noch op it fiifde plak en hiene ûnder oare Súd-Limburch en Midden-Hollân in grutter oandiel. Yn Fryslân is it relative oandiel groeid; ferline jier wie it oandiel noch 1,29 %. Dit wylst yn de oare al neamde regio's krekt in delgong plakfûn hat.

Measte groei op It Amelân

It totaal oantal jongerein yn Fryslân dat jeugdsoarch krijt, dat wol sizze ek sûnder twang, is omheech gien: fan 15.840 nei 17.060. Dat betsjut in groei fan 7,7 prosint.
Yn hast alle Fryske gemeenten is de groei te fernimmen. Allinnich yn de gemeenten Weststellingwerf, Skiermûntseach en Flylân is it tal bern mei jeugdsoarch nei ûnderen gien. De measte groei wie mei fyftich persint op It Amelân.