sc Hearrenfean nimt ôfstân fan provokaasje: fans posearje mei ôfhakke hartekop

Op sosjale media geane foto's rûn fan in groep supporters fan sc Hearrenfean dy't posearje foar it Cambuurstadion mei in ôfhakke hartekop en in spandoek mei de tekst 'Cambuur dood'.
De supporters fan sc Hearrenfean mei de hartekop by it stadion fan Cambuur © ûnbekend
By sc Hearrenfean is lilk en teloarsteld reagearre op it gedrach fan de groep supporters dy't mei bivakmûtsen foar it stadion fan Cambuur stienen. De foto is nei alle gedachten tongersdei makke.
"sc Heerenveen verafschuwt dit volkomen idiote gedrag en distantieert zich dan ook van deze absurde actie", skriuwt de klup op harren eigen webside.
De klup seit alle bylden op te freegjen en der alles oan te dwaan om de dieders fan dizze aksjes te efterheljen om maatregels te nimmen.
By de plysje wie tongersdeitejûn noch neat bekend oer it ynsidint.

Kopsoargen

Yn oanrin nei de Fryske derby yn desimber rekken supporters fan Hearrenfean ek al yn opspraak. Doe holden twa minsken in spandoek mei de tekst "Cambuur geeft je kopzorgen' mei dêrby in tekening fan in hart oan in galge omheech by it Ljouwerter stadion.
De tekst fan dat spandoek lei gefoelich om't Cambuurtrainer Henk de Jong fanwegen in kyste yn 'e holle thús sit.

Derby

Ofrûne wykein holden supporters fan Cambuur by de wedstriid tsjin PSV in spandoek mei de tekst 'Dood aan DKV' omheech op de Noardtribune. 'DKV' stiet foar 'Dertig Kilometer Verderop'. Mei dy ôfkoarting tsjutte supportersgroepen fan beide klups inoar faak oan.
De twa Fryske klups spylje takom snein om 12.15 oere tsjininoar yn it Abe Lenstra Stadion.
De ôfhakke hartekop © ûnbekend