Ridende pop-upboupleats moat jongerein entûsjast meitsje foar de bou
Hoe krije we jongerein entûsjast om yn de bou oan it wurk te gean? Dat is de fraach dêr't boubedriuwen en opliedingen op skoalle hieltyd mear de holle oer brekke. In pop-upboupleats dy't troch Fryslân ride sil kin de oplossing wêze.
"Die waterpas moet er wel goed bij hé, anders is alles scheef." Mei in protte entûsjasme helje Fati en Katelynn út groep 7 fan in basisskoalle yn Snits ferskate stiennen fan in steapel op in pallet.
Sy stean op de pop-upboupleats yn Snits. Dy liket op in echte boupleats, mar is folle lytser. Sa'n tweintich kante meter stiet bedekt mei in keet en trije hûskes. Dêr moatte de learlingen fan de basisskoalle opdrachten útfiere.
Stigma
De boupleats kin nei de tiid ynpakt wurde en nei in oar doarp ride. Sa hopet de organisaasje in soad jongerein te berikken. "We hopen ook het stigma van de bouw wat te bestrijden", seit Marcel van der Zee. Hy is fan Friso Bouwgroep en ien fan de inisjatyfnimmers fan it projekt.
"Bij bouw denk je vaak aan hard werken en alleen maar timmeren. Het is eigenlijk veel meer dan dat. Het is plannen en bedenken. We hopen dus ook dat we kinderen kunnen bereiken die niks met de bouw hebben. Dat voor hen de ogen open gaat voor dit mooie vak."
Wylst Van der Zee syn ferhaal hâldt, binne de learlingen drok oan it wurk. Katelynn jout de stiennen oan by Fati en dy makket der in muorre fan. Sy binne oan de gong by in houten hûske. It is ien fan de opdrachten dy't de learlingen fan de basisskoalle dwaan moatte.
Nei't de muorre op de goeie hichte stiet, rinne Fati en Katelynn nei de efterkant fan it hûske. Dêr leit in plaat isolaasjemateriaal dy't montearre wurde moat. As echte boufakkers binne beide famkes oan it wurk. "Ik vind de bouw heel leuk", seit Katelynn. "Je moet met alles rekening houden en dat het goed recht staat. Uiteindelijk zie je een resultaat waar je trots op mag zijn. Dat is leuk."
It binne de reaksjes dêr't de organisaasje fan de pop-upboupleats op hopet. "We staan tot aan de zomer in Sneek", seit Marianne Poelman. Sy is ien fan de inisjatyfnimmers fan it projekt.
"Het idee is dat we dan vervolgens door heel Fryslân gaan rijden. We hebben echter nog geen planning. Daar zullen we de komende tijd naar kijken. Eerst afwachten of dit een succes wordt. Als ik de eerste dagen zo peil denk ik dat het wel goed komt. Hopelijk rijden we dan volgend jaar naar Bolsward of Woudsend. Dan zien we daarna wel verder."