Reade Rikus fan Jitiizer: "We wolle wer libje, dêr binne wy bot mei dwaande"

De band Jitiizer, bekend fan syn rûge teksten en bandleden mei Fryske-flagge-túnbroeken oan, spylje wer foar folle sealen. Sjonger Rikus hat net stilsitten, mar hie it wol swier yn de coronatiid.
Reade Rikus is de poadiumnamme fan Hendrik Boonstra, mar mei de jierren is er hieltyd mear Reade Rikus wurden, seit de sjonger sels. "Allinnich ús mem neamt my noch Hendrik."
Rikus groeide op yn Sint-Nyk. Syn heit wie alt bariton yn in koar en syn broer draaide platen fan U2. Rikus gie in soad nei festivals, noch foardat hy sjonger waard fan Jitiizer. "Ik stie faak foaroan."

Sjonger en skriuwer

Rikus waard yn 1998 troch syn neef frege as sjonger fan in band. Sa begûn er ek mei it skriuwen fan teksten. De teksten binne basearre op Fryslân en it Frysk-wêzen. De muzyk wurdt wol gauris yn de oefenromte makke. "Wy kenne allegear gjin akkoarden en binne hielendal autodidakt "
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde live optredens jûn.
Njonken de band Jitiizer dêr't Rikus it drok mei hat, sit er beslist net stil. Hy hat in eigen winkel en wurket noch in oantal oeren yn de jongereinhelpferliening.

Corona

Yn syn wurk mei jongelju hat er de ôfrûne twa jier folle ellinde sjoen troch de coronamaatregels, "De maatregels wiene skealiker as de sykte sels", sa fynt Rikus eins.
Ek sels hat er in soad lêst hân om't er in hekel hat oan twaspjalt en om't er graach alles út in dei helje wol. Lichaamlik hat Rikus in soad oerwûn, dêrom wol hy der eltse dei in feest fan meitsje. Krekt dat koe net troch de maatregels. "Dêrom hie ik it dy perioade ek sa dreech."

Winkel

Rikus ûntfong gjin stipe fan de oerheid, wylst syn winkel wol slute moast. Yn reaksje dêrop betocht hy it merk 'Fokking Bull Shit Gear': klean mei hiel grut de tekst 'Fokking' derop. "Dat hat myn winkel rêden. It is rekalsitrant, mar sa no en dan meist saken ek wol 'fokking bull shit' fine."
Rikus oer it sjongen en de teksten fan Jitiizer
Jitiizer hat dit jier alwer twa kear foar in grut publyk stien. Tegearre mei de Hûnekop op it Hûnekopfestival en yn in folle tinte op Aaipop. "It fielde as befrijingsfestival. Wy wolle gewoan feeste en libje."

De kar fan Rikus

Artyst Nûmer
John Wright & Rolling Home Fries om Utens
Hûnekop Papagaai
Wartaal Kin it wol of kin it net
Metallica Enter Sandman