Tropyske Kas Beetstersweach wer by de tiid: gasrekken wol in útdaging

De Tropyske Kas yn Beetstersweach is flink ûnder hannen naam. De histoaryske kas kin wer efkes foarút, mar hat op it stuit wol te lijen fan de hege enerzjyprizen.
De Tropyske Kas kin wer efkes foarút:
De pandemy hat in soad negative gefolgen hân, mar guon organisaasjes brûkten de stilte om saken ris goed op oarder te krijen. Sa ek it bestjoer fan de Tropyske Kas yn Beetstersweach.
Under oare grut ûnderhâld koe no makliker dien wurde. Mar no't de nije kas wer iepen is, komt der in oare útdaging om de hoeke sjen. De temperatueren moatte wol heech wêze, mar dat soarget ek foar in hege gasrekken.

Opknapwurk

Dûbeld glês en in klassyk grien geraamte. It wie in grutte put, om de mear as histoaryske tropyske kas wer by de tiid te krijen. Mar it hat fertuten dien: sa't it no liket kinne de trije haadkassen der yn alle gefallen wer 30 jier foarút.
Mar it wurk is benammen by de lessenerskas noch net klear. Hjir is dúdlik te sjen dat de farve op it houtwurk ôfbledderet. Dêrnjonken binne de ruten yn de mear as 100 jier âlde kas oan ferfanging ta. Neffens bestjoerslid Jochem Knol is it in útdaging, mar kin it benammen dien wurde troch de help fan tsientallen frijwilligers.
© Omrop Fryslân
De nije ruten sille makke wurde yn in fabryk, mar de rest fan it wurk wurdt foar in grut part troch de lokale frijwilligers dien.

Sinne of gas

In gruttere útdaging is de hege gasrekken. De kassen moatte op in bepaalde temperatuer hâlden wurde, dus moat de kachel gauris oan stean. In simpele oplossing is der net, want de kassen biede eins gjin ideaal plak foar sinnepanielen. Dochs wol it bestjoer sjen nei alternativen foar gas.
Op dit stuit binne se lykwols al bliid genôch mei de dûbele beglêzing en de nije ferwaarmingsynstallaasje, want sels dat skeelt al gau tsien persint op de rekken. Mar wa't noch in goed idee hat, mei him melde by it bestjoer, sa seit Knol.