Provinsje jout 50.000 euro subsydzje om nêsten te beskermjen

Provinsje Fryslân stelt 50.000 euro beskikber as subsydzje foar grûneigeners om nêsten en pykjes fan greidefûgels te beskermjen. Foar elts nêst leit der 60 euro klear.
In skries by Stynsgea © ANP
Mei it jild moatte beskermjende maatregels naam wurde op de stikken grûn dêr't in soad greidefûgels sitte. Dat betsjut dat der net meand wurdt, of oar agrarysk wurk dien wurdt.

Ut de lânbou wei

De subsydzje is regele nei't lânboupartijen dêr om fregen. Yn it ramt fan de soarchplicht foar greidefûgels woene sy de subsydzjeregeling graach wer iepen. It jild is wol bedoeld foar grûneigeners dy't net al in oare fergoeding krije foar it beskermjen.
De regeling wurdt yn 2023 iepensteld, dit jier kin de subsydzje oanfrege wurde tusken 3 maaie en 10 juny.