Wjerstân tsjin ferfiersbesuniging: “Minsken de bus wer yn”

It fierder útklaaien fan de tsjinstregeling fan it iepenbier ferfier is in min plan, dat fynt Ton Ettema, foarsitter fan it Reizigers Overleg Consumentenbelangen Openbaar Vervoer yn Fryslân.
In Arriva-bus by Fjouwerhûs © ANP
Oer 2021 moat de provinsje 2,2 miljoen euro bybetelje, omdat der troch corona folle minder reizgers wiene. Dit jier sil der miskien noch wolris sa'n bedrach nedich wêze. Mei-elkoar kostet it iepenbier ferfier al sa'n 53 miljoen euro yn it jier.

Delgeande spiraal

Deputearre Avine Fokkens wol dat bedrach net fierder oprinne litte. Dêrom moat der takom jier opnij snijd wurde yn de tsjinstregeling.
Ettema is skrokken fan dy meidieling. "Ik las vanochtend de LC en dan word je niet vrolijk. Men zegt eigenlijk: het geld is bepalend en niet de kwaliteit van het ov."
"Als je gaat snijden in de dienstregeling, dan ga je de vaste reizigers benadelen", leit Ettema út. "Als je die van je gaat vervreemden, dan zit je in een neerwaartse spiraal."

'Kortetermijndenken'

Ettema tinkt dat it snijen yn de tsjinstregeling op lange termyn mear neidielen as foardielen hat. "Als je in december 2024 een nieuwe aanbesteding moet maken, dan zit je met een product dat niet meer interessant is voor andere vervoerders."
Dochs jout de foarsitter fan ROCOV ta dat it in hiel drege kwestje is. "Dat kan ik me heel goed voorstellen, maar toch zou ik als gedeputeerde zeggen: ik heb meer geld nodig voor het ov. Dat is het beste naar de toekomst."
Ton Ettema fan ROCOV Fryslân
De fraksjes fan FNP, PvdA, ChristenUnie en CDA yn Provinsjale Steaten wolle sa gau mooglik prate oer de driigjende ferskraling fan it iepenbier ferfier yn Fryslân. Se ha der noed oer dat it trein- en busferfier fierder útklaaid wurdt en dat de leefberens dêrtroch bot achterút giet.
De soargen wurde ynjûn troch twa ûntwikkelingen: der reizgen troch de coronapandemy minder minsken mei it iepenbier ferfier en dêrtroch kaam der minder jild binnen. Tagelyk binne iepenbier ferfierbedriuwen mear jild kwyt troch de hegere enerzjy- en brânstofprizen.
Steatelid Matthijs de Vries fan ChristenUnie
Matthijs de Vries fan ChristenUnie hopet dat der in debat yn de provinsje op gong komt oer it iepenbier ferfier. "Sa't it no giet kin it net fierder", jout hy oan. "De coronakrisis hat in grutte tebeksetter west. Wy moatte it ov net útklaaie, mar wy sitte no wol op in punt dat wy ris sjen moatte wat it ov ús eins wurdich is."
De Vries is wol fan betinken dat de stipe fan it Ryk omheech moat. "Troch de nei-effekten fan corona sitte der minder reizgers yn de bus, de brânstofprizen binne bot tanaam en de ekstra bydrage foar de kompensaasje fan de coronatiid hâldt takom jier op. Dat is funest. De lanlike útkearing soe omheech moatte."

Mear minsken de bus yn

Mar it wichtichste foar de ChristenUnie is dat minsken de bus wer pakke. "Wy kinne wol sizze: der moat jild by út de provinsje wei. Mar dêrmei sitte der net fuortendaalks ekstra reizgers yn de bus. Dus wy moatte ek sjen hoe't wy de minsken wer yn de bus krije."
In buske fan Jobinder © Gemeente Noardeast-Fryslân
Fierder tinkt De Vries oan inisjativen lykas Jobinder, it mobiliteitsburo yn Noardeast-Fryslân. Jobinder fersoarget wmo-, learlinge- en iepenbier ferfier. Dêr wurdt njonken fêste ferbiningen ek wurke mei reservearringen fan buskes. "Dêr ride sy ek mei lytsere bussen, je kinne de bus belje, sa't dy wer oanslút op de gruttere ynfrastruktuer."