Flechtlingen yn needopfang WTC sette petysje op fanwegen minne omstannichheden

Flechtlingen dy't opfongen wurde yn de needopfang yn it WTC yn Ljouwert ha in petysje opset fanwegen de minne omstannichheden. De petysje is yntusken troch hast 300 bewenners ûndertekene.
© Leo Middelsé, Lennard Geerts
Yn de needopfang wenje sawat 600 minsken, wêrfan 150 bern. De omstannichheden binne fier fan ideaal. Der is bygelyks gjin deiljocht en bewenners ha gjin privacy omdat der gjin plafonds en doarren binne. Hast de helte fan de bewenners hat syn hantekening set.
Se sizze dat se begripe dat der problemen binne mei it opfangen fan asylsikers yn Nederlân. Mar se freegje dochs om in fersnelling fan har asylproseduere. De petysje is nei ferskate ynstânsjes stjoerd, wêrûnder de Ombudsman en it COA.
De bewenners skreaunen dy ynstânsjes earder ek al in brief wêryn't se oan de bel lutsen oer de omstannichheden yn de needopfang.

Trochstream

Yn earste plak wie de opfang bedoeld foar in pear wiken. Troch it hege tal flechtlingen, it tekoart oan wenningen en drokte yn asylsikerssintra kinne asylsikers mar dreech trochstreame.