Eardere lintsjedragers by Skylger boargemaster op de kofje

Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge hat dizze Keningsdei alle minsken dy't de ôfrûne 25 jier in lintsje krigen hawwe by har op de kofje útnûge. Op it Waadeilân waarden dit jier gjin keninklik ûnderskiedingen útrikt.
De lintsjedragers fûnen it in moai inisjatyf:
Earder dit jier krige ien al wol in lintsje, mar dat is yn maart al útrikt. Ferline jier mocht boargemaster Caroline van de Pol trije lintsjes útrikke.
"Ik vind niets doen geen optie met Koningsdag", seit de boargemaster. "Dus daarom hebben we bedacht om de gedecoreerden uit te nodigen. Ik hoop dat dit het begin van een nieuwe traditie wordt."
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Der kamen sa'n fyftich minsken mei har partner. "Er is muziek, we zingen het Wilhelmus en ons eigen volkslied en we drinken een oranjebitter om te toosten op de verjaardag van de koning."
Ek op it eilân wiene tal fan aktiviteiten lykas in silent disco by de Brandaris.
Silent disco op Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Ferslachjouwer Lennard Geerts gie ek by boargemaster Caroline van de Pol op de kofje