Keningshûskenner Bearn Bilker: "Kening moat altyd it gefoel jaan dat er der is"

Krekt wat minder as de helte fan de befolking hat fertrouwen yn kening Willem-Alexander. Dat leit op 47 prosint. In jier earder wie dat noch 57 prosint.
Bearn Bilker oer it fertrouwen fan de maatskippij yn de kening:
In grut part fan de Nederlanners fynt dat de kening him net solidêr toand hat mei it folk. Se binne wol te sprekken oer dat it keningspear Oekraynske flechtlingen opfangt yn kastiel Het Oude Loo yn Apeldoorn.
Trije op de fiif Nederlanners is wol foarstanner fan de monargy as steatsfoarm.

Punt fan oandacht

Keningshûskenner Bearn Bilker en krekt ûnderskieden as offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau fynt de delgeande trend spitich. "It is 'betreurenswaardig' en der sit in line yn. Dat fyn ik soarchlik." Dat it pear op fakânsje nei Grikelân gie, is ûnder oare net goed fallen.
Bearn Bilker © Omrop Fryslân
Bilker fynt it in punt fan oandacht. "It keningshûs moat derfan leare. Dat fan Grikelân, mar earder ek it hûs yn Mozambyk, dat fiele se as pear net goed oan. Hoe't dat by it folk leit en wat ferstannich is. Se ha ek adviseurs om har hinne, wat ha dy sein en lûke se har dêr wat fan oan? It ynlibbensfermogen fyn ik in bytsje betinklik."
Om de delgeande trend om te bûgen soe de kening neffens Bilker sjen kinne nei kollega's. "Of hoe't syn mem, Beatrix, it die. Je moat konstant alert wêze wat der om je hinne bart."
De kening lit blike 'ik bin dan kening en dan ha ik rjocht op privee'. En sa wurket it net.
Bearn Bilker
"In kening bist altyd, dan hast gjin net privee. Ik fyn dat we dat fernimme kinne. De kening lit blike 'ik bin kening en dêrnei ha ik rjocht op myn priveelibben. En sa wurket it net, ek net foar in kommissaris, minister of boargemaster. Se moatte it gefoel jaan: we binne der altyd. Fansels ha se in priveelibben en meie se op fakânsje, mar dêrneist moatte se altyd it gefoel jaan dat se der binne."

Amalia hat talint

De âld-boargemaster fan Kollumerlân wol de kening noch wol wat meijaan. "De fokus leit no tefolle op it keninklik pear, mar by in monargy giet it om de hiele famylje. Der wurde no te min oare leden ynset."
Kenininne Máxima en kening Willem-Alexander © ANP
Prinses Amalia soe mear ynset wurde moatte. "Se kin represintative taken om sa it wurk mear te ferdielen. Se hat talint. Se hat trekken fan har beppe, mar we moatte ôfwachtsje hoe't dat komt. Net dat ik negatyf oer Willem-Alexander bin, mar dit binne puntsjes dêr't er oan sleutelje moat as 'vader des vaderlands'."

Kening nei Fryslân?

Bilker tinkt dat Fryslân in goeie kâns makket op keninklike besite op Keningsdei 2023. "Wy binne hast wer oan de beurt", ornearret Bilker. Willem-Alexander hat, salang't er kening is, noch net op syn jierdei yn Fryslân west. "Myn fingerspitzengefühl seit: 'it sil heve'. En ik tink dat de kening dan oan 'e ein fan de dei in lytse taspraak hâldt yn it Frysk. Dat is myn hoop en dat ferwachtsje ik ek."
Bearn Bilker
It publyk jout de kening Willem-Alexander as rapportsifer 6,7. Dat wie in jier earder noch 7,1 en it jier dêrfoar sels in 7,7. Keninginne Máxima docht it wat better, ferline jier krige se in 7,5, no is dat 7,6.