Heech syktefersom yn de soarch: "Het is puzzelen, elke dag weer"

It syktefersom yn de soarch is mei 10 prosint heger as oait. Dat komt der lanlik op del dat sa'n 95.000 soarchmeiwurkers op deistige basis mist wurde. Neist syktefersom is de útstream fan soarchpersoniel ek in probleem.
© ANP
Op It Hearrenfean hiene se de ôfrûne tiid ek lêst fan personiel dat net beskikber wie, seit Daan van den Broek, fan sikehûs de Tjongerskâns. "Het is de afgelopen maanden met golfbewegingen gegaan. De afgelopen drie maanden lag het bij ons ook rond 10 procent."
Op it stuit leit it fersom noch op 8,5 persint. Dat is better, mar it bliuwt in heech persintaazje. Van den Broek: "Dat is behoorlijk puzzelen, eigenlijk elke dag weer."

Goede hoop

Hy hat wol goede hoop dat it fersom de kommende tiid ôfnimme sil. "Daarnaast hopen we dat mensen die thuis zitten door de werkdruk langzaamaan weer herstellen."
Foarearst wurdt it tekoart opfongen troch de soarch oars te organisearjen. "Wat is de capaciteit en welke zorg kunnen we daarvoor bieden? Dat proberen we zo optimaal mogelijk op elkaar af te stemmen. Met extra diensten proberen we de gaten op te vullen."
Daan van den Broek fan de Tjongerskâns oer syktefersom yn de soarch
Wat planbere soarch oanbelanget giet dat wol aardich, seit Van den Broek. "Maar het grootste probleem zit hem natuurlijk in de niet-planbare zorg, de acute zorg. Die blijft doorgaan."

Takomst

Dat it mei it syktefersom de goede kant op liket te gean, betsjut noch net dat de problemen oer binne. De soarch hat ek lêst fan útstream, en dêr moat wat oan dien wurde, fynt Van den Broek. "Mensen die afknappen op de werkdruk krijg je moeilijk terug. Wat je kunt doen is dat je zorgt dat de werkdruk beter verspreid wordt."
Oer de takomst fan de soarch is er nettsjinsteande dat posityf. "Het goede nieuws is dat de instroom van nieuwe studenten nog steeds heel hoog is. Wat dat betreft zien we wel lichtpuntjes als het gaat om de toekomst."